Fernijde Lemsterwei is klear: 'Eftelingdyk' yn Langelille is wer iepen

De fernijde Lemsterwei yn Langelille is wer iepen. De dyk, dy't troch in ynwenner gekjeiend de 'Eftelingdyk' neamd waard, wie sûnt ein jannewaris ticht foar wurksumheden.
Wethâlder Roelof Theun Hoen iepenet fernijde Lemsterwei yn Langelille © Gemeente Weststellingwerf
De Lemsterwei leit op feangrûn. Troch it ynsakjen fan dy grûn troch drûchte binne der oer de jierren hinne meterslange skuorren yn de dyk ûntstien. Der mocht allinne noch mar stadich riden wurde, boppedat stiene der al jierren warskôgingsbuorden en koe mar ien helte fan de dyk brûkt wurde.

Bermferhurding en nij asfalt

De gemeente Weststellingwerf hat de problemen oplost troch oan beide kanten fan de dyk de berm te ferhurdzjen. Der tuskenyn leit no in nije smellere dyk. Neffens de gemeente sil de wei minder gau fersakje, om't de ûndergrûn fan it part dêr't de nije dyk op leit net útdrûge is.
Wethâlder Roelof Theun Hoen hat de fernijde Lemsterwei freed feestlik iepene.