Lytshûs iepen yn De Spitkeet, mei tank oan lear-wurktrajekt statushâlders

Temapark en iepenloftmuseum De Spitkeet yn De Harkema hat de nije ûntfangstromte it Lytshûs iepene. Bysûnder is dat in grut part fan de bou realisearre is mei in lear-wurktrajekt foar statushâlders.
Jarig Wijma, Ahmed Ali, Samer Alsayed en kommissaris Brok © De Spitkeet
De nije romte is op tiid klear foar de iepening fan it seizoen yn april. It wie in projekt fan De Spitkeet yn gearwurking mei Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel, boubedriuw Kootstra Van der Veen en ROC De Friese Poort. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat de romte woansdei iepene.
Ald-foarsitter Jarig Wijma is grutsk op it resultaat, dat liket op in âld pleatske. "It is eins wat bedroch, want ûnder it hout sitte izeren balken. Mar dy hawwe wy kreas weiwurke, sa't it krekt as eartiids liket. Wy kinne hjir ús gruttere groepen ûntfange en de romte kin ek foar oare aktiviteiten brûkt wurde."

Ald en hypermodern

Boubestjoerslid Freerk de Vries kin him goed fine yn de wurden fan Wijma. "It is in waarm bad foar de gast. It liket âld, mar it is hypermodern. It bouwen gie geweldich en it foldocht oan alle easken. Wy hawwe it mei in hiele ploech frijwilligers dien."
Fertel mar ris oan ien dy't fan de oare kant fan de Middellânske See komt wat in klauhammer is.
Freerk de Vries
Der waard al yn 2017 mei begûn. "De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe derfoar soarge dat hjir úteinlik nije Nederlanners oan it wurk kamen. Sy hawwe in boukundige oplieding fan ús krigen. Dat wie net maklik, want fertel mar ris oan ien dy't fan de oare kant fan de Middellânske See komt wat in klauhammer is."
Jarig Wijma en Freerk de Vries
Mar it is bysûnder goed slagge, fynt De Vries. "Wy binne in learlingwurkplak wurden. Moarns wie der teory-oplieding en middeis folge de praktyk, troch de frijwilligers jûn. Sy hawwe holpen om de statushâlders in fak te learen. Wy krigen in moaie ûntfangstromte, sy in moaie baan."

Yn de bou

Fan de 50 minsken hawwe 22 yntusken in fêste baan yn de bou. Dat is geweldich, fynt ek kommissaris Brok. De kânsen binne grutter wurden foar de statushâlders, dy't oars in ôfstân ta de arbeidsmerk hawwe.
Yntusken is it Jelle Damhûs omtsjoend ta in boartersguodwinkel, mei ûnder oare guozzebrief, monopoalje en in telraam. It hûs is ynrjochte foar de tema-útstalling 'Wolsto mei my boartsje?'
Jan Tuinstra en Janny Winter
"Wy hoopje dat der ynteresse foar is. Boartersguod hat der altyd west, dus wy wolle ris sjen litte hoe't der yn it ferline boarte waard", fertelt Jan Tuinstra.
"Is it it hiele seizoen te sjen, fan 1 april oant 1 novimber. Mei it museumwykein ljochtsje wy der noch wat poppen út. Op it terras meie de bern ek boartsje mei stelten, hoepels en ferklaaiklean", follet Janny Winter oan.