Loads en hûs yn Stiens sletten fanwege himpkwekerij

In loads en in hûs oan de Arjen Heslingastrjitte yn Stiens binne troch de gemeente foar trije moannen sletten. Yn novimber waard der in himpkwekerij ûntdutsen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De plysje fûn 130 himpplanten op it adres. Der wie in profesjonele kwekerij ynrjochte, mei lampen, groeimiddels en transformatoaren. Der waard yllegaal stroom brûkt fan in oare wenning yn de buert.
De bewenner fan de drugswente wie it net iens mei de sluting en stapte nei de rjochter, mar dy hat de boargemaster gelyk jûn.
It is dit jier de sechsde kear dat de boargemaster fan Ljouwert opdracht jûn hat om in drugspân te sluten.