Social media hawwe krêftich ynstrumint west yn ferkiezingsstriid

Social media binne troch de lokale politike partijen aktyf ynset om stimmen te winnen. Kiezers waarden digitaal oerspield mei ferkiezingsboadskippen.
It docht fertuten om de onlinekampanje behoarlik oan te pakken, fynt de PvdA yn Súdwest-Fryslân en de FNP yn Noardeast-Fryslân.

Lyts budzjet

De PvdA, grutte winner yn Súdwest-Fryslân lit ús witte in lyts budzjet bestege te hawwen foar harren online kampanje. Dochs hat it wol in wêzentlik ûnderdiel west. It hat neffens listlûker Marijke Roskam bydroegen oan de oerwinning fan de PvdA. Al bliuwt it dêrnjonken ek wichtich om roazen út te dielen of om yn de lêste dagen foar de ferkiezings by minsken del te gean.
Neffens social mediasaakkundige Ronald van der Pol fan de online redaksje fan Omrop Fryslân hawwe in soad politike partijen yn Fryslân gebrûkmakke fan online kampanjes. "Wy sjogge wol dat de lanlike partijen dêr wat mear middels foar hawwe as de lokale partijen, se krije somtiden wat help út Den Haag wei."

Flochs

Yn Noardeast-Fryslân falle de flochs fan listlûker Aant-Jelle Soepboer fan de FNP op. Dy flochs wienen in bewuste kar. "Op dy wize besykje wy de minsken streekrjocht oan te sprekken. It is dan de trúk om dat op in aardige wize te dwaan," seit Soepboer. "Wy wolle ús dúdlik útsprekke oer in pear tema's. Om no te sizzen: it komt fan ús online kampanje dat wy sa grut wurden binne, dat net allinnich. Mar it helpt wol mei om dy sjen te litten."
Social media by politike kampanjes:
Partijen betelje Facebook om advertinsjes foarby komme te litten yn de saneamde algoritmes. "Wy ha dêr in pear tûzen euro foar oer hân", leit Soepboer út. Dat wie it foar de partij mear as wurdich. "Ast it resultaat fan de ferkiezings besjochst wie eltse sint dy't wy ynvestearre ha it wurdich!"
It berik fan de 'socials' is foar de beide partijen de grutste reden om har online goed sjen te litten. "Dat kin oprinne oant 40.000 of 50.000 minsken dy't in advertinsje sjogge yn de 7 dagen foar de ferkiezings", seit Ronald van der Pol.
Aant-Jelle Soepboer:

Formaasje

It wie let fannacht, fertelt Aant-Jelle Soepboer. No brekt de tiid oan fan formearje. "Neam it fuotsjefrije", seit de listlûker laitsjend. "Wy pakke dizze wike de telefoan derby en dan sille wy efkes hearre hokker kant it op kin."