Motor stellen, opfongen Oekraïners helpe dupearre Sterke Yerke-bouwers

In motor fan de 'Sterke Yerke IV' is stellen. Oan it flot hongen twa bûtenboardmotoaren en dêr is ien fan ferdwûn. It flot leit op dit stuit yn Ljouwert.
Motor Sterke Yerke stellen:
Ien fan de bouwers seach woansdei in knyptange lizzen. De reling wie trochknipt. Dêrnei ûntduts er dat in bûtenboardmotor fuort wie.
"Dit hadden we nooit verwacht. Die dingen zijn zo zwaar. Ze zijn verankerd en er zitten anti-diefstalklemmen op", seit Wilfred de Jong fan de stichting Sterke Yerke.

100 kilo swier

De motor is in 50 pk langsturt fan Honda en kostet sawat 8200 euro. Hy is hast 100 kilo. "Die neem je niet zomaar mee", neffens De Jong.
De Sterke Yerke hie twa fan sokke motors oan it flot te hingjen. Fan de twadde motor wiene de triedden ûnder de kap ek al losmakke. "Het was dus de bedoeling die tweede ook mee te nemen", tinkt De Jong. De twadde motor hawwe se yn feilichheid brocht en goed opburgen.

Help fan Oekraïners

Nettsjinsteande de stellerij, meitsje de minsken fan de 'Sterke Yerke IV' ek positive dingen mei. In pear leden fan de groep bouwers jouwe ûnderdak oan Oekraynske flechtlingen.
Twa fan dy Oekraïners sitte yn de befeiligingssystemen. De frou is ynternasjonaal ferkeapster en de man leit de systemen oan. Hy docht ek de ferkeap yn Oekraïne. Sy hawwe harren harren kontakten yn Poalen oansprutsen en in befeiligingssysteem regele. Fergees, lykas it measte fergees is by it projekt 'Sterke Yerke IV'.
Als je ziet wat er in Oekraïne gebeurt, is dit 'peanuts'.
Wilfred de Jong
In moai gebeart, fynt Wilfred de Jong: "Eerst woede en verdriet vanwege die motor. Schandalig dat mensen dat stelen. Maar als je het in perspectief bekijkt en als je ziet wat er verderop gebeurt, is dit natuurlijk peanuts. De warmte en het geweldige feit dat mensen klaar staan, geven een geweldig gevoel."
It is de bedoeling dat de 'Sterke Yerke IV' yn it foarjier de Waadsee op kin. Dat bart ek, want by de stichting litte se harren net út it fjild slaan.
De Jong: "We gaan door. Dag en nacht als het moet. De nieuwe motor is inmiddels besteld. We hebben beloftes gedaan dat we met jongeren op de Waddenzee gaan varen als milieuproject. Dat moet allemaal doorgaan."
Hast 43 jier nei't it earste flot mei de namme Sterke Yerke yn 1979 by Bonêre sonken is, wurdt der in nije Sterke Yerke boud: de Sterke Yerke IV. It flot sil brûkt wurde foar edukative doelen, om de jeugd te wizen op de gefolgen fan prestikfersmoarging yn see.