Fryske organisaasjes stjoere brânbrief nei minister om enerzjy-earmoed

Alle Fryske hierdersferieningen, trije gemeenten, de provinsje, wenningkorporaasjes en wurkfoarsjenningsskippen hawwe mei-inoar in brânbrief stjoerd nei minister Schouten om omtinken te freegjen foar enerzjy-earmoed.
© Omrop Fryslân
Minister Schouten giet op it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid oer earmoedbelied, partisipaasje en pensjoenen.

Enerzjy-lesten

De ferskate organisaasjes meitsje harren soargen oer de besteanswissigens fan minsken yn Fryslân mei in leech ynkommen om't de enerzjylêsten hieltyd heger wurde. De organisaasjes ûntfange sinjalen dat dit foar ûnoerkombere swierrichheden soargje kin.
Ut in peiling ûnder de leden fan hierdersferiening die earder al bliken dat 28 persint fan de respondinten de enerzjyrekken net mear betelje kin mei it húshâldbudzjet.

Finansjele stipe

Yn de brief wurdt in oprop dien oan de minister om de minsken mei in leech ynkommen finansjeel temjitte te kommen.
Under mear de gemeenten Harns, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel, en wenningboukorporaasjes as Elkien en WoonFriesland hawwe de brief ûndertekene.