UWV: minder Friezen mei WW-útkearing, grut tekoart oan soarchpersoniel

It tal WW-útkearingen yn Fryslân is yn de ôfrûne moanne ôfnaam. Ein febrewaris telde Fryslân 7.331 minsken yn de WW. Dat wiene ein jannewaris noch 294 mear.
© ANP Foto
Dat is in ôfname fan 3,9 persint. Neffens it UWV is dat te ferklearjen trochdat it foarjier der wer oankomt en dat soarget foar seizoenswurkgelegenheid. Dêrneist soargen de ferrommingen fan de coronamaatregels foar mear wurkgelegenheid yn de hoareka, kultuersektor, kontaktberoppen en dielen fan de detailhannel.
Yn ferliking mei presys in jier earder binne der sels 34,5 persint minder minsken yn Fryslân mei in WW-útkearing.

Personielstekoart

It UWV wiist der fierder op dat it personielskrapte yn de soarch grut is. It tal fakatueres is dêr sûnt ein 2020 mei 45 persint tanaam. Yn Fryslân jildt dat benammen foar dokters, ferpleechkundigen, fersoargjenden ig en psychologen. Foar dy banen binne folle mear fakatueres as wurksykjenden.

By de berneopfang hawwe se te krijen mei deselde soart problemen. De berneopfangsintra hawwe hieltyd mear muoite om de roasters rûn te krijen. Dêrtroch wurde somtiden sels groepen sletten.

Weryntreders

Der binne wol inisjativen om mear personiel yn de berne-opfang te krijen. Sa wurkje de berne-opfangorganisaasjes Sinne en Kinderwoud gear mei it UWV. Se rjochtsje har op minsken dy't ferâldere diploma's hawwe. Foaral as de berne-opfang aanst fergees wurdt ,is der ferlet fan in soad kwalifisearre personiel.
Marije Tolsma Sinne Kinderopvang: Weryntreders wolkom
Marije Tolsma fan Sinne Kinderopvang leit út wat har organisaasje se mei it UWV en Kinderwoud opset hawwe: "It is in trajekt fan sawat trije moannen wêrby't minsken mei in ferâldere diploma dat net mear de kwalifikaasje jout, wer by de tiid brocht wurde, sadat se ynsetber binne yn de berne-opfang."