Earste flechtlingen yn Grouster herberch: "Se binne noch wat ferdwaasd"

Yn de herberch Oer 't Hout is woansdei lang om let de earste bus mei flechtlingen oankaam. De flechtlingen soene eins freed al komme, doe waard it yn it wykein en wer letter op moandei of tiisdei.
De bus by Oer 't Hout yn Grou © Omrop Fryslân
Mar op woansdei wie it dan safier. "It giet hiel aardich", seit de eigener fan de herberch, Egbert de Boer, nei de earste nacht. It giet yn totaal om tritich flechtlingen. Benammen froulju mei bern, mar ek in pear manlju.
"Se binne noch wat ferdwaasd. It hat fansels in ferskriklike ûnderfining west", seit De Boer. "Dan binne se hiel rêstich. It binne hiele nette minsken."

Dei-ynfolling

De flechtlingen hawwe op it stuit noch gjin dei-ynfolling. "De minsken moatte harren ynskriuwe en kennismeitsje mei de dokters. Mar we wachtsje fierder noch even oant we wat mear hawwe", seit De Boer. "Dan kinne we ek sjen wêr't ferlet fan is."
It doel is wol dat de bern sa gau as mooglik nei skoalle kinne. "We witte noch net oft de bern yn Ljouwert nei skoalle sille oft dat de learkrêften hjir komme. Mar haaddoel is wol dat de bern as earste dwaandeholden wurde. Dan kinne we dêrnei mei frijwilligers hjir aktiviteiten ûntploaie om ek de folwoeksenen dwaande te hâlden."
Herberch-eigener Egbert de Boer