Frjentsjerter kultureel sintrum wurdt moetingsplak foar flechtlingen

Kultureel sintrum De Mouterij yn Frjentsjer wurdt in moetingsplak, dêr't Oekraynske flechtlingen inoar moetsje en byprate kinne. Ek de gastgesinnen kinne der ûnderfinings diele.
Frjentsjerter kultureel sintrum wurdt moetingsplak foar flechtlingen
Minsken ûnderdak biede kinne se net, mar wol in plak om mei inoar te praten. Yn de eardere skûltsjerke fan de menisten is plak foar 75 oant 100 minsken. As der mear komme, kin it geboutsje fan de protestantske tsjerke njonken de skûltsjerke mooglik brûkt wurde. Foarsitter fan de Stichting Mouterij Peter Wever tinkt dat der ferlet is fan sa'n moetingsplak.

"Prettig om onder elkaar te zijn"

"Ze zitten overal en nergens bij gastgezinnen. Daar wordt natuurlijk goed voor ze gezorgd. Alleen is het ook weleens prettig voor de mensen uit Oekraïne dat ze een dag onder elkaar zijn. En het is voor de gastgezinnen misschien wel prettig om een dag niet voor ze te hoeven zorgen."
Nije wike sneon is de earste moeting fan Oekraynske flechtlingen en de gastgesinnen. Yn april fynt it eltse snein plak. Der wurdt wurke oan in muzykprogramma en oare aktiviteiten.
Ynterieur fan kultureel sintrum De Mouterij yn Frjentsjer © De Mouterij
Der wurde noch minsken foar socht dy't wat bydrage wolle. Ek foar finansjele of organisatoaryske stipe kinne minsken har opjaan fia info@demouterijfraneker.nl