Liveblog | 17 maart 2022

OERSJOCH: FNP wint, CDA ferliest, measte koälysjes behâlde mearderheid

Yn dit liveblog melden we alle útslaggen en it oare nijs oer de gemeenteriedsferkiezingen.

  • De lokale partijen komme goed út de ferkiezingen, it CDA ferliest terrein;
  • Op dizze kaart steane de útslaggen fan alle gemeenten;
  • Moandei wurde de útslaggen offisjeel fêststeld.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te lezen.

Lêst bywurke: 17 maart 2022, 03:23
tongersdei 17 maart 2022
03:23

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komt der in ein oan dit liveblog. Om 06.00 oere prate we yn it radioprogramma Fryslân fan 'e Moarn fierder oer de ferkiezingen, en yn de rin fan de moarn makket Eric Ennema in analyze fan de útslach. Dy is dan te lêzen op de webside en de app fan Omrop Fryslân.

Tige tank foar it folgjen.

02:30

Lokalen fierwei it grutst

De lokale partijen binne de grutste winners fan de gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân. Yn 10 fan de 18 gemeenten is in lokale partij it grutst wurden. Yn 3 fan dy 10 gefallen giet it om de FNP. Yn oare gemeenten dêr't de FNP meidie, wûn dy partij ek faak. Yn totaal giet de FNP fan 39 nei 49 sitten, yn alle gemeenten byelkoar.

CDA en VVD ferlieze

It CDA ferliest fierder oan terrein yn Fryslân. Nei de lêste gemeenteriedsferkiezingen hienen de kristendemokraten 81 riedssitten yn Fryslân. Dêr bliuwe no nei alle gedachten 63 fan oer. De VVD ferliest ek flink: dy geane fan 46 nei 36. Yn tsjinstelling ta de foarige ferkiezingen is de VVD no wol it grutst wurden yn in gemeente: dat is Weststellingwerf, ek al ferlieze se dêr ek in sit.

Links stabyl

It ferlies foar de PvdA bliuwt yn Fryslân beheind, dy partij giet fan 52 nei 48 sitten. De sosjaaldemokraten binne yn fjouwer gemeenten it grutst: Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Hearrenfean en Harns. It ferlies fan de PvdA wurdt foar in part kompensearre troch de winst fan GrienLinks: dy geane fan 24 riedssitten nei 27.

De definitive útslaggen wurde kommende moandei fêststeld. Sjoch op ûndersteande kaart alle foarriedige útslaggen. Is de kaart net goed te sjen, klik dan hjir:

01:48

Koälysje ferliest yn seis gemeenten mearderheid

Yn seis gemeenten is de hjoeddeistige koälysje syn mearderheid kwyt. Dat giet om De Fryske Marren, Flylân, Hearrenfean, Opsterlân, Skylge en Súdwest-Fryslân.

De Fryske Marren

De Fryske Marren die it de lêste jierren mei in koälysje fan CDA, VVD, PvdA en GrienLinks. Dêrfoar wie it CDA, VVD en FNP, mar nei ûniennichheid oer sânwinning ûntstie der in fertrouwensbrek en gong de FNP yn de opposysje. Dy partij is no just de grutste wurden. De fjouwer koälysjepartijen ha no 15 fan de 31 sitten en kinne dus net mei in mearderheid fierder.

Súdwest-Fryslân

Yn Súdwest-Fryslân is de koälysje, krekt as yn De Fryske Marren, tuskentroch feroare. PvdA siet deryn, mar rekke der healwei út fanwegen 'botsende karakters' en 'ûnderling wantrouwen'. De nije koälysje fan CDA, VVD, GrienLinks en D66 hâldt mar 15 fan de 37 sitten oer. De PvdA is just de grutte winner mei acht sitten.

Flylân en Skylge

Op Flylân foarmen Nieuw Liberaal en Groen Wit de koälysje. Dy hâlde no fjouwer fan de njoggen sitten oer. Ien eilân eastliker, op Skylge, regearren de PvdA en de VVD mei sân fan de alve sitten. Se hâlde der fiif oer.

Hearrenfean

Yn de gemeente Hearrenfean bliuwt de PvdA it grutst, mar mei koälysjepartners VVD en CDA kinne se dizze kear gjin mearderheid foarmje. Mei syn trijen komme se ta 14 fan de 31 sitten.

Opsterlân

Opsterlands Belang, PvdA en ChristenUnie hienen de lytst mooglike mearderheid yn Opsterlân: 11 fan de 21 sitten. Dy earste partij bliuwt it grutst, mar ferliest wol in sit. Dêrmei is de koälysje ek de mearderheid kwyt.

woansdei 16 maart 2022
00:47

Alle útslaggen bekend, PvdA grutste yn Hearrenfean

Hearrenfean is de lêste gemeente fan Fryslân dy't de útslach trochjout. Neffens in meiwurker fan de gemeente wie der ien stimburo dêr't op wachte wurde moast, foardat de útslach kompleet wie.

De PvdA is de grutste partij yn Hearrenfean bleaun, en pakt der sels in sit by. Hearrenfean Lokaal is de grutste winner, en komt mei trije sitten yn de ried.

00:23

Buma: Aldste stimbusmeiwurker wie 89 jier âld

De âldste meiwurker fan in stimburo wie 89 jier âld. Dat seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Hy komplimintearre alle frijwilligers, mar dizze yn it bysûnder. "Hij deed het al voor de 56e keer. Het zal ook wel de laatste keer geweest zijn."

00:16

FNP de grutste yn Tystjerksteradiel

De FNP is de grutste partij yn Tytsjerksteradiel. Freddy de Haan is 'dwers troch alles hinne',