De toan fan Froukje Sijtsma: "Enerzjyferslave"

"De termostaat by my yn 'e hûs stiet al in oantal wiken op 15 graden en myn auto komt hast net mear fan it hiem. Moarns lûk ik dikke sokken en in ekstra waarm fest oan en mei it moaie waar is it lokkich gjin straf om te fytsen.
Fan it winter kocht ik twa elektryske kessens fan in hip merk. Ien om op de bank lekker tsjinoan te hingjen en ien op de stoel foar it thúswurkjen. Myn dochter brûkt se moarns foar skoaltiid ek graach. Se binne lekker waarm, boppedat is it suniger as it ferwaarmjen fan de wenkeamer. Al rillegau skynt de sinne de hiele dei de hûs yn en is it binnen samar in pear graden waarmer. Jûns bliuwt it behaachlik mei tee en in tekkentsje.
De hege gas- en brânstofprizen soargje derfoar dat ik myn gedrach no echt oanpas, mar de winsk om minder te ferbrûken wie der al langer. Ek yn nijs- en achtergrûnferhalen wurdt it enerzjydilemma út ferskillende ynfalshoeken beljochte.
Sa docht sjoernaliste Nynke de Jong yn har podcast 'Alle Geschiedenis Ooit' de lukrative en pynlike skiednis fan de Nederlânske gaswinning út de doeken. En yn de podcast 'Hoe ziet radicale klimaatpolitiek eruit' stelt sosjaal wittenskipper Shivant Jhagroe fan de Universiteit van Leiden dat der sprake is fan klasse-ûngelykheid yn de enerzjytransysje.
Foaral minsken yn de hege ynkommensklassen hawwe - faak mei royale subsydzjes - sinnepanielen en waarmtepompen oanskaffe kinnen en profitearje dêr no mei de hege enerzjyprizen behoarlik fan. Mar foar de legere ynkommensklassen blykt it soms al in útdaging om de enerzjyrekken überhaupt betelje te kinnen yn dizze tiid fan ekstreme ynflaasje. Hoe soenen sy harren dan sinnepanielen permittearje kinne?
De oarloch fan Ruslân yn Oekraïne fergruttet al dy saken nochris ekstra út. Nederlân is foar in part ôfhinklik fan Ruslân: foar benammen gas, oalje en graan. Russyske gaskontrakten wurde no as statement ôfsein, troch de provinsje Fryslân bygelyks, mar it gas sil toch ergens oars wei komme moatte foar de perioade fan de enerzjytransysje.
Bewenners fan Nederlânske gasgebieten sizze dat se it dan toch mar út harren grûn helje moatte. En dat is fansels hiel nobel, hielendal ast der oer neitinkst dat dizze minsken yn in regio wenje dêr't ierdbevings en skea oan harren huzen al de hurde realiteit is.
Ik fyn dat alle Nederlanners wol in bydrage leverje kinne: troch te wurkjen oan ús enerzjyferslaving. Ek dy term kaam yn it nijs foarby. Wy binne ferslave oan lang dûse en in waarm hûs. De termostaat stiet yn Nederlân gemiddeld op 22 graden. Yn Boer Zoekt Vrouw hearde ik in jonge frou laitsjend oan boer Jouke út Wytmarsum freegjen oft hy ek, lykas har, de auto pakt foar de reis nei de supermerk 100 meter fierderop. Hy joech ta dat ek hy geregeld kiest foar de kofferbak yn stee fan de pakjedrager.
Fansels is it my dúdlik dat de yndustry en it bedriuwslibben de grutste ferbrûkers en fersmoargers binne, mar dat betsjut net dat wy neat hoege te dwaan. Elts is grif foarstanner fan de belestingferleging op enerzjy en brânstof. Dêrtroch sille hooplik minsken út de lege ynkommensklassen fuort út de finansjele problemen holpen wurde, mar it soarget der oan de oare kant ek foar dat der neat feroaret oan ús konsumpsjegedrach.
En feit bliuwt dat der net genôch fossile grûnstoffen binne om ús enerzjyferslaving ta it ûneinige fuort te setten. Noch efkes los fan de fraach wat dat foar de kwaliteit fan ús leefomjouwing en it klimaat betsjutte soe.
Ik hear ferskate minsken om my hinne dy't de ferwaarming ek leger sette en faker de fyts pakke. Net allinnich fanwege de sinten en it miljeu, mar ek om't se minder fan gas en oalje en dêrmei symboalysk fan Ruslân ôfhinklik wêze wolle, ek al is dat mar in drip op in gloeiende plaat.
Ik haw dan ek bewûndering foar fotograaf Niels Westra fan de Ljouwerter Krante en syn freondinne Lara de Bruin dy't as eksperimint al de hiele winter de ferwaarming op 12 graden hawwe. Yn de LC lies ik foarige wike dat se it mei skyjassen en dekbêden op de bank aardich waarm hâlde.
Dat giet my persoanlik fierstentete fier en it liket my ek net sûn. Mar no't ús oerheid as statement de gaskontrakten mei Ruslân ferskuort, lit ús dan as statement foar it miljeu en út belutsenheid foar de bewenners fan gaswingebieten de termostaat wat leger sette.
En lang om let leannet it altyd, want de rekken fan boeteklausules fan it opsizzen fan Russyske gaskontrakten of belestingferlegings fan enerzjyprizen. Dy wurdt eintsjebeslút altyd oan de boarger presintearre."