Operaasje Fryske Flagge: Henk Jonkman gie op syn santichste nei de Filipinen

Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Dizze wike is dat Henk Jonkman, dy't op syn santichste foar de leafde nei de Filipinen gie.
© Henk Jonkman
Op syn santichste ferhuze Henk Jonkman fan Drachten nei de Filipinen. It begûn allegearre fia ynternet: "Dêr kinst hiel fier mei komme", seit Jonkman laitsjend, dy't sa syn grutte leafde tsjinkaam. "It is by ús wol hiel fier gien. Do sikest gewoan kontakt, ik woe wolris efkes prate mei ien."
Yntusken is dat alwer twa jier lyn en wennet er by syn grutte leafde op de Filipinen yn Lipa City Batangas.
Jonkman: "Ik tocht, ik moat har mar ris yn it echt sjen. Ik hie al it gefoel dat it goed siet, dus ik ha alle papieren klearmakke, en tocht: as it goed fielt, dan wol ik dêr trouwe."

"It lok kin net op"

Mei kribels yn de mage fleach er nei de oare kant fan de wrâld. Fjirtjin oeren letter kaam er oan yn Manilla, dêr't de waarmte him yn it gesicht sloech.
"En dan moatte je sykje: wêr is se?" Op it fleanfjild trof Jonkman al in pear minsken dêr't er fia ynternet ek al mei yn de kunde kommen wie. Dy koene him fertelle dat syn freondinne noch efkes op it húske siet. "Ik ha my ferstoppe efter in peal. Doe't ik der efterwei stapte, foel har mûle iepen", seit Jonkman. "De earste fiif minuten koe se neat útbringe. Dat wie posityf, dêrnei kamen de triennen en it oankrûpen."
Oant dat momint hie er allinne mar foto's sjoen: "Dêr sjogge jo alle jûnen nei as jo op bêd giene. No wie it yn it echt. Do fieldest de waarmte. It lok koe net op."

Mei syn trijen

Begjin 2021 ferhuze hy nei de bungalow dy't se bouwe litten hiene. Se binne ek troud. De hûn is ek oerkaam út Fryslân. "We sitte hjir no mei ús trijen yn it húske", seit Jonkman. Hy is wiis mei syn kar om nei de Filipinen te ferhúzjen. "Ik hie it tsien jier earder dwaan moatten."
"Fryslân ha ik altiten noch wol yn myn tinzen, myn bruorren en susters wenje der noch", seit Jonkman. "Aansten mei fakânsje kom ik dy kant noch wolris in kear op, dan kin sy it ek noch in kear sjen."
Henk Jonkman út Lipa City Batangas op de Filipinen