Earste ljipaaien fûn yn De Fryske Marren en op It Amelân

De earste ljipaaien fan De Fryske Marren en Amelân binne tiisdeitemiddei fûn. De frije fjilden fan beide gemeenten binne no sluten.
Wybe Jissink © BFVW
Wybe Jissink út Aldehaske fûn tsjin healwei trijen it earste ljipaai yn syn eigen neisoarchgebiet. De 72-jierrige aaisiker hie dêr in pear dagen lyn al in soad fûgels en in moai opmakke nestke sjoen, mar doe lei der noch gjin aaike yn.
Fûgelwacht Aldehaske hat it aai kontrolearre en alles wie yn 'e oarder. Jissink fûn earder alris in earste gemeente-aai. Dat wie yn de eardere gemeente Haskerlân.
Selina Brouwer © BFVW
Op It Amelân gie de eare nei Selina Brouwer. De 32-jierrige aaisykster út Buren fûn it aai om fiif oere hinne op it Waadeilân. Boargemaster Leo Pieter Stoel hat har yn it fjild in oarkonde en it finerslean oerlange.
Moandei om 12.30 oere waard it earste ljipaai fan Fryslân fûn troch Wietse Jan Dijkstra út Sint-Anne. Hy krige dêr de Sulveren Ljip foar fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Net folle letter fûn Steven Klijn it earste ljipaai fan Skylge.