Selde wurk foar amtners B'him

Logo gemeente Boarnsterhim © Bewurking Omrop Fryslân
De wurknimmers fan de gemeente Boarnsterhim moatte ek nei de opdieling fan de gemeente in lykweardich plak hawwe yn de gemeenten dêr't Boarnsterhim oer ferdield wurdt. Dat sil de ynset wêze fan de ûndernimmingsried en it gemeentebestjoer fan Boarnsterhim yn de kommende tiid. Dat betsjut dat ien dy't no bygelyks op de ôfdieling foarljochting wurket fan Boarnsterhim, datselde wurk daliks ek dwaan kinne moat yn Ljouwert of op It Hearrenfean.
Neffens boargemaster Baas fan Boarnsterhim moatte de minsken dy't fan de âlde gemeente komme gelyk wêze oan de minsken dy't no al yn beide oare gemeenten wurkje. Tiisdei is it beslút fallen dat de gemeente yn 2014 definityf opdield wurdt.