Folgje de ferkiezingen by Omrop Fryslân: sa bliuwst op de hichte

Oant en mei 16 maart kin elts stimme foar de gemeenteriedsferkiezingen. Omrop Fryslân folget it: online, mar ek op 16 maart mei Fryslân Kiest, fan 19.00 oere ôf op de radio en fan 21.00 oere ôf ek op telefyzje.
© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân presintearret it programma Fryslân Kiest yn gearwurking mei de lokale omrop fan Ljouwert, LEO Middelsé. It programma set om 19.00 oere útein by Omrop Fryslân op de radio, op ynternet en op de kanalen fan LEO Middelsé.
Fan 21.00 oere ôf is it ek by Omrop Fryslân op tv te sjen. Fryslân Kiest duorret oant 01.00 oere
Yn it programma folgje wy it stimtellen, de earste tuskenútslaggen en de foarriedige einútslaggen, mei reaksjes en analyzen. It programma wurdt presintearre troch Jan Dirk de Haan en Andries Bakker.

Online liveblog en útslaggen

De hiele jûn en nacht is it lêste nijs online te folgjen fia de Omrop Fryslân-app en op ús webside www.omropfryslan.nl. Dêr binne ek de meast resinte útslaggen foar eltse gemeente te finen op in ynteraktive kaart.
Op ferkiezingsdei en -nacht en op de dei nei de ferkiezingen hâlde wy in liveblog by, mei alle lêste updates.

Live-updates op lokaasje

Alle oeren skeakelje wy yn Fryslân Kiest live oer nei ferskate gemeentehuzen yn Fryslân. Dêr binne ferslachjouwers fan Omrop Fryslân en de gearwurkjende lokale omroppen LEO Middelsé en RTV NOF. Sy hâlde ús op de hichte oer de lêste stân fan saken.
Ferkiezingsposters yn Sigerswâld © ANP
Sa prate wy ûnder oare mei Onno Falkena yn Smellingerlân, mei Ilona de Vries fan LEO Middelsé yn Ljouwert en Gjaldau Sijtsma fan RTV NOF yn Dantumadiel.

Gasten oan tafel

Gasten binne ûnder oaren riedsleden Retze van der Honing fan GrienLinks yn Hearrenfean en Karin van der Velde fan it CDA yn Smellingerlân. Sy hawwe beide besletten op te hâlden mei it riedswurk en fertelle hoe't sy weromsjogge op harren tiid yn de gemeentepolityk.
Stimbiljetten telle © ANP
Fierder giet it oer de hieltyd noch tanimmende populêrens fan lokale partijen. Fertsjintwurdigers fan Ooststellingwerfs Belang en Opsterlands Belang fertelle hoe't dat neffens har kin.

De dei nei de ferkiezingen: reaksjes en analyze

De folgjende moarn, op tongersdei 17 maart, komme yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Fryslân fan 'e moarn fan 06.00 oere ôf de earste reaksjes oan bar. Ek yn de tv-útstjoering fan Fryslân Hjoed en yn de oare programma's op de radio omtinken foar de útslaggen.
Ek online binne reaksjes, analyzen en útslaggen werom te finen. Wa binne de grutte winners en ferliezers? Hoe dogge de nijkommers it? En wat binne de meast opfallende dingen? Folgje it by Omrop Fryslân.
Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar al ús nijs oer de ferkiezingen. Op dizze dossierside binne ek oer alle gemeenten artikels te finen yn de oanrin nei de ferkiezingen.