Pittige striid om de kiezer yn Smellingerlân; it CDA wol wer bestjoere

Op de lêste sneon foar de gemeenteriedsferkiezingen wie it drok op ferskate ferkiezingsmerken yn Fryslân. Yn Drachten wienen hast alle partijen oanwêzich by it kariljon yn it sintrum. De ELP keas derfoar om aktyf te wêzen op oare lokaasjes.
Striid om de kiezer yn Smellingerlân:
By it offisjele ferkiezingsdebat op freedtejûn komme opfallend genôch allinnich manlju oan it wurd oer de polityk fan Smellingerlân. De iennichste froulike listlûker, Lucienne Meinsma fan GrienLinks, hie harsels ôfmeld fanwege sykte.

'Mear ferbining sykje'

Meinsma soe graach sjen dat ek oare partijen yn de gemeente froulju in promininter plak ynnimme. Froulju hawwe neffens har in oare styl fan polityk bedriuwe. "Je moatte mear gearwurkje, de ferbining sykje en inoar wat gunne. De iene kear mei in oare partij meigean en dat in oare kear in oar mei dy meigiet. Dat kin en moat hjir echt better."
De ôfrûne riedsperioade wie der benammen in soad striid yn de ried fan Smellingerlân. Mei-inoar stapten mar leafst 8 wethâlders op. De gemeente wurdt dêrom de lêste tiid bestjoerd troch in sakekolleezje mei wethâlders fan bûten.

Striid foar de Fryske taal

Kim Tsai fan De Rottefalle stiet by de FNP op it twadde plak. Sy is berne yn Liverpool, heal Ingelsk en heal Sineesk en nij yn de polityk fan Smellingerlân. As kandidaat mei bûtenlânske woartels fielt se har goed thús by de partij.
Se hat in soad ûnderfining yn it wurkjen mei asylsikers en flechtlingen en wol har dêrfoar ynsette. Mar se stipet ek de striid foar de Fryske taal en kultuer fan herte. "Ik vind meertaligheid heel belangrijk. Daar hoort respect voor het Fries ook bij. Zoals we van buitenlanders verlangen dat ze Nederlands leren, kunnen we hier ook van nieuwe inwoners verlangen dat ze het Fries op z'n minst leren verstaan."
Kim Tsai fan de FNP © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It CDA hat mei opsetsin keazen foar in nije jonge listlûker. Tjebbe van der Meer wennet noch mar oardel jier yn de gemeente, mar hy is ambisjeus. "Normaal is it in neidiel yn de polityk as je noch mar koart yn in gemeente wenje, mar ik tink dat it no yn Smellingerlân in foardiel is."
It CDA sit yn Smellingerlân al acht jier yn de opposysje. De partij wol no wer meidwaan oan in 'stabyl gemeentebestjoer'. "We kinne net echt sizze dat it de ôfrûne jierren better gien is. Ik haw it fan in ôfstantsje folge en my der geweldich oer fernuvere. Sa faak fan wethâlder feroarje is net goed. Wethâlders moatte út de eigen mienskip komme en langere tiid bliuwe, by foarkar ek langer as 4 jier." Van der Meer hat fan ferskate oare partijen heard dat dy ek graach 'in stabyl bestjoer' hawwe wolle.
Ferkiezingsmerk yn Drachten © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Op dit stuit is de ELP yn Smellingerlân de grutste partij mei 8 sitten yn de ried, wylst it CDA der 4 hat. It ferskil is mooglik minder grut as liket, want by de foarige ferkiezings wûn de ELP mar leafst twa restsitten, wylst it CDA krekt net oan de fyfde sit takaam.
CDA en ChristenUnie hiene yn 2018 beide lest fan it meidwaan fan de SGP. Dy partij helle potinsjele kiezers fuort by CDA en ChristenUnie sûnder sels in sit te winnen. Dit jier is der in oare kristlike konkurrint yn de foarm fan de partij Jezus Leeft.
Ferkiezingsmerk yn Drachten © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It wie sneon dúdlik te fernimmen dat Smellingerlân troch ferskate partijen sjoen wurdt as in wichtich elektoraal striidplak. De PvdA krige stipe fan partijpromininten as Habtamu de Hoop en Lutz Jacobi.
By de ChristenUnie wie âld-partijfoarsitter Piet Adema drok oan it flyerjen en kiezers winnen. Neffens him docht ek de ChristenUnie folop mei oan de race om de grutste partij fan de gemeente te wurden. De partij wie earder ek alris grutter as it CDA en is yn dat gefal seker ree om ek mei te dwaan oan it bestjoeren fan de gemeente.
Ferslachjouwer Onno Falkena op de ferkiezingsmerk yn Drachten