Ek piraten moatte yn de rige foar in coronatest

Foar it Mega Vrije Piraten Festival sneontejûn yn Quatrebras moasten 5000 besikers har teste litte. By de feesttinte sels wie in spesjale testlokaasje mei lange rigen. Dêr koenen 3000 minsken terjochte.
Teste by Quatrebras:
Omdat it piratefeest yn desimber net trochgean koe fanwegen de coronamaatregels, is it útsteld nei 12 maart. Twa oare grutte tintefeesten fan deselde organisaasje binne ek ferpleatst. It giet om de Mega Kersttent en Q Music de Foute Party. De kommende trije wykeinen wurdt dat ynhelle.
"We geane derfan út dat der noch in kear in testronde komt", seit Peter Rauwerda fan de organisaasje. "We hoopje dat it lêste feest sûnder testen kin. Dan is it 26 maart en binne de maatregels miskien loslitten."
Op it Mega Vrije Piratenfeest trêde ûnder oaren Henk Wijngaard, Denny Christian en de Doelleazen op.