ONS makket ein oan ferliesrige, Harkemase Boys en Bûtenpost wol ûnderút

ONS Snits wit wer wat it is om te winnen. Nei seis ferliespartijen op rige wûnen de Snitsers mei 3-0 fan AZSV. Harkemase Boys en Bûtenpost ferlear harren wedstriid.
Kian Visser fan Harkemase Boys © Orange Pictures
Harkemase Boys wie yn de begjinfaze sterker as HSV Hoek. Dochs kaam de ploech út Seelân op foarsprong troch in doelpunt fan Istvan Bakx. Mei in 0-1 tuskenstân sochten beide teams de klaaikeamers op.
Nei it skoft besochten de Boys de druk op te fieren, mar skoare slagge mar net. Hoek die dat wol. De besikers krigen in strafskop nei in oertrêding op Steve Schalkwijk. Dyselde Schalkwijk skeat de bal deryn.
Mei noch tsien minuten op de klok kaam Harkemase Boys lang om let werom yn de wedstriid. Iloba Achuna kopte raak. Dyselde Achuna hie efkes dêrfoar ek al gefaarlik west mei in omhaal.
Harkemase Boys spile nei it doelpunt ûnder it mom fan 'alles of neat'. It smiet in hektyske slotfaze op, mar gjin doelpunten. Troch it ferlies stiet Harkemase Boys no tsiende yn de tredde divyzje.

Bûtenpost ferliest fan Putten

Yn de haadklasse kaam Bûtenpost nei 12 minuten op efterstân tsjin SDC Putten. In frije traap fan Luca Veenendaal fleach deryn, om't it skot fan rjochting feroare waard.
Rolf Dijk wie tsien minuten letter tichteby de lykmakker, mar syn skot rekke de peal. Mark van der Meer makke dêrnei sels in doelpunt, mar dy waard ôfkard fanwegen Bûtenspul.

Bûtenpost de kânsen, Putten de doelpunten

Dêr't Bûtenpost gjin jildich doelpunt koe meitsje, slagge dat Putten wol. Kevin Schmidt koe se troch de ferdigening fan Bûtenpost dribbelje en skeat raak: 0-2. Krekt foar it skoft die Bûtenpost wat werom. Van der Meer skoarde de 1-2.
De twadde helte sette lykwols min útein foar de Blaukes. Vincent ter Burg skoarde út in strafskop: 1-3. De wedstriid bliede dêrnei wat dea: skoard waard der net mear.
Bûtenpost is no njoggende mei 21 punten.

ONS wint lang om let wer ris

Sûnder de opstapte trainer Jan Vlap spile ONS Snits tsjin de nûmer fiif fan de haadklasse AZSV. ONS kaam nei 30 minuten op foarsprong troch in kreas ôfstânsskot fan Gerben Visser.
De Snitsers liken dy foarsprong al fluch wer út hannen te jaan. AZSV krige nammentlik in strafskop nei in oertrêding op Niek te Veluwe. Doelman Tristan Boersma koe de penalty lykwols keare.

Feest

Yn de 65ste minút makke Visser syn twadde fan de middei. De skoare kaam dêrmei op 2-0. It feest wie dêrmei noch net foarby, want fiif minuten letter makke Steyn Potma nei in moaie oanfal 3-0.
Doe't Quin Vervelde fan AZSV efkes letter in reade kaart krige, wie de wedstriid hielendal beslikke. Nei seis ferliespartijen op rige soenen de Snitsers lang om let wer ris winne. Yn de slotfaze foelen gjin doelpunten mear.
ONS hat no 15 punten en is dêrmei fjirtjinde.