Wüst nimt ôfskie mei fjirde plak op 1.500 meter, sulver foar De Jong en Kok

Yn in fol Thialf op It Hearrenfean hat Ireen Wüst sneontemiddei ôfskie naam fan it reedriden. Se einige har karriêre mei in fjirde plak op de 1.500 meter.
Ireen Wüst © ANP
Yn de lêste rit fan de 1.500 meter naam Wüst it op tsjin Miho Takagi. Mei 1.54,77 waard se fjirde, mar it resultaat wie ditkear net wichtich: Wüst kaam mei de earmen omheech oer de streek en die in lang earerûntsje.
It wie Takagi dy't de winst pakte yn 1.53,32, foar Antoinette de Jong mei 1.54,33. Ragne Wiklund waard tredde. Wüst eindiget op plak seis fan it wrâldbekerklassemint, krekt efter De Jong.
Antoinette de Jong
Op de earste 500 meter waard Femke Kok fan Nij Beets twadde. Har tiid wie 37,64. Ferwachte winner waard Erin Jackson, de olympysk kampioen, mei in tiid fan 37,33. Dêrmei ferstevige se har liedende posysje yn it wrâldbekerklassemint.
De Japanske Nao Kodaira waard tredde (37,72). De oare beide Friezinnen Michelle de Jong en Marrit Fledderus einigen as sechsde en sânde. Snein wurdt de twadde (en lêste) 500 meter fan dizze wrâldbeker riden.
Femke Kok nei de 500 meter
Jorrit Bergsma mocht it yn de lêste fiif kilometer fan it wrâldbekerseizoen streekrjocht opnimme tsjin Nils van der Poel. De Aldeboarnster sette rap útein en pakte in foarsprong op de olympysk kampioen, mar de Sweed ried Bergsma yn de lêste rondes fol gas foarby.
Mei 6.21,41 kaam Bergsma op it sechde plak terjochte. Grouster Marwin Talsma ried nei 6.24,67, dêrmei waard er sânde.
Troch ôfwêzigens fan Russen Zakharov en Rumyantsev waard Bergsma fiifde yn it wrâldbekerklassemint. Talsma einiget op it achtste plak.
Jorrit Bergsma oer de 5.000 meter