HEA! Jelle ferliest hert oan Reduzum
Oan syn tongfal is noch te hearren dat Jelle van Dijk eins fan Ljouwert komt, mar sûnt in pear jier wennet er yn Reduzum. In prachtich doarp.
Van Dijk wie net fuort op syn plak. Hy makke earst noch in útstapke nei Berltsum, mar dêr koe er it net rjocht fine. En no wennet er dus mei syn frou yn Reduzum, en dêr fiele se harren thús.