Mei in 'brûsdei' jouwe doarpshuzen oan dat se wer los meie nei twa jier corona

Mei de gjalp 'We binne wer los!' jouwe alle Fryske doarpshuzen oan dat se nei corona wer iepen binne. Stichting Doarpswurk organisearret dizze sneon in Doarpsbrûsdei om wer libben yn de brouwerij te bringen.
Mei in 'brûsdei' jouwe doarpshuzen oan dat se wer los meie nei twa jier corona
Yn Houtigehage by doarpshûs De Huchte waard in spesjale flagge hise en der wienen tal fan aktiviteiten.
"De doarpshuzen organisearje allerhanne aktiviteiten foar jong en âld om de doarpen wer brûze te litten. Nei corona is dat hurd nedich om it libben der wer yn te krijen. We ha twa jier lang te krijen hân mei allerhanne beheinenden maatregels en de enerzjy wie der op guon plakken ek wol wat út", seit Theo Andreae fan Doarpswurk.
Ek oare ferieningen út it doarp binne der by belutsen. Goed 40 doarpshuzen dogge mei oan dizze dei. Sa'n tsien oaren organisearje ek fan alles.
Guon doarpshuzen sitte yn swier waar. "Dy ha finansjele of bestjoerlike problemen. By in tal knypt it, en dy sille we stypje om te sjen dat dêr ek wer libben yn komt."
Theo Andreae fan Doarpswurk