Hotel Galamadammen yn Koudum wurdt klearmakke as opfang foar flechtlingen

Yn Koudum binne se drok dwaande om 150 plakken te realisearjen yn it eardere Hotel Galamadammen. It wurdt de earste opfanglokaasje foar Oekraynske flechtlingen yn Súdwest-Fryslân.
Hotel Galamadammen yn Koudum © Google Streetview
It hotel stiet al twa jier leech, dus der moat earst goed skjinmakke wurde. "It is wat fertutearze, mar it binne prachtige romme keamers en it is in moaie lokaasje", seit boargemaster Jannewietske de Vries.
"It is gekikt foar opfang fan húshâldingen, mei in soad privacy. It binne twa persoanskeamers en mei in steapelbêd kinst der in famylje yn kwyt." Der is ek romte foar ferdivedaasje, mei in biljert en der stiet in piano.
"Elk is no in bydrage oan it leverjen en dat is fantastysk om te sjen. De gemeente start de opfang op en dêrnei wurdt it wurk útbestege. De earste kontakten dêrfoar binne al lein." Foar de kosten komt in fergoeding fan it Ryk.

Oare lokaasjes

Nei Koudum sjocht de gemeente ek nei oare ferlykbere lokaasjes. "Dy meitsje we letter bekend. We sjogge foaral nei plakken dêr't minsken langer bliuwe kinne. Lykas as yn Koudum, se kinne der wol in healjier oant in jier ferbliuwe."
De earste opfang kin yn sporthallen wêze of by minsken thús, mar se moatte ek trochstreame. De boargemaster docht noch in opop: "As partikulieren flechtlingen thús opfange, jou dat oan de gemeente troch. Dan witte we wa't wêr is. Yn in opfang kinne minsken medyske soarch en ûnderwiis krije."
Jannewietske de Vries en Egbert de Boer
Ek yn Twizel binne se ferskaten gebouwen oan it klear meitsjen foar 70 minsken, yn Hotel Appelskea is romte foar 40 en yn herberch Oer 't Hout yn Grou ha se 170 plakken.
Eigener Egbert de Boer fan Oer 't Hout wachte freed noch op de earste flechtlingen. "We ha kontakt mei de gemeente en dy sei dat se noch ûnderweis wienen. We binne der klear foar, it gebou is klear. De minsken en de keuken ek."