Ljouwerter ferkrêftet thúshelp: rjochtbank leit jier sel op

In man út Ljouwert hat in jier sel krigen omdat er in meiwurkster fan de thússoarch yn syn eigen hûs ferkrêfte hat.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
De frou makke skjin by de man thús, omdat hy it bot oan de rêch hie. Doe't de meiwurkster by him thús wie, hat hy har ferkrêfte. Justysje hie trije jier sel easke. De straf is leger útfallen omdat de fertochte neffens de rjochtbank gjin geweld brûkt hat. Wol fûn de rjochtbank dat der sprake wie fan twang.
Njonken it jier selstraf hat de man ek noch in jier ûnder betingst krigen. Ek moat hy 5.000 euro smertejild oan it slachtoffer betelje.