Fuotbalster Loes Geurts ferwachtet poppe, keepster net nei it EK

Fuotbalkeepster Loes Geurts fan Hichtum ferwachtet in poppe. De 36-jierrige Geurts sil hjirtroch it EK fan takom simmer misse.
Loes Geurts yn aksje © Orange Pictures
Geurts spile op de EK's fan 2009 en 2013, mar har hichtepunt wie yn 2017 doe't se mei it Nederlânsk alvetal Europeesk kampioen waard yn eigen lân, ek al kaam se op dat toernoai gjin minút yn aksje.
Yn 2019 siet se ek yn de Nederlânske seleksje foar it WK. Nederlân waard op dat toernoai twadde.