HEA! Skjinne sleatten
Bouke Altenburg wurket foar Wetterskip Fryslân en hellet by Sondel wat tûken út in sleat. Dat moat derfoar soargje dat it wetter wer goed trochstreame kin.
Altenburg ken alle sleatten yn syn rayon, in gebiet fan sa'n 10.000 bunder om Aldemardum hinne. Hy soarget derfoar dat de ynwenners fan syn rayon gjin wiete fuotten krije.