KNVB pakt opset amateurfuotbal oan: saterdeis- en sneinsklups tsjin elkoar

De yndieling fan de kompetysjes yn it amateurfuotbal giet opnij op de skop. Benammen op de hegere nivo's wol de KNVB in soad feroarje.
Sportpark It Heidejild fan sneinsklup VV Jobbegea © VV Jobbegea
Op it stuit sitte allinnich op it heechste amateurnivo (de twadde divyzje) saterdeis- en sneinsklups byelkoar yn de kompetysje. It fuotbalbûn wol dat no ek ynfiere yn de trije nivo's dêrûnder. Mei oare wurden: alles oant en mei de earste klasse.
Dat moat dan saneamd wykeinfuotbal wurde. De thúsklup mei dan yn prinsipe bepale op watfoar dei der spile wurdt.
It wurdt de tredde grutte feroaring yn de saneamde fuotbalpiramide sûnt 2010. Fan dat jier ôf wie net mear de haadklasse it heechste nivo yn it amateurfuotbal, mar de topklasse. Yn 2016 feroare de namme fan de topklasse yn tredde divyzje en waard ek de twadde divyzje oprjochte.
De ynfiering fan de twadde divyzje wie al in foarboade foar mear feroaringen yn it amateurfuotbal, want dat soarge derfoar dat foar it earst saterdeis- en sneinsklups by-elkoar yn ien kompetysje sieten. Om histoaryske en prinsipiële redenen sieten sokke klups altyd yn skieden kompetysjes.
De nije kompetysje-opset soarget neffens de KNVB foar mear derby's, mear lykweardige kompetysjes en koartere reisôfstannen.

Hieltyd minder sneinsklups

Dy reisôfstannen waarden bygelyks yn de earste klasse fan it sneinsfuotbal hieltyd grutter de lêste jierren. Dat kaam trochdat in grut tal sneinsklups oerstapt is op it saterdeisfuotbal en der dus hieltyd minder sneinsklups yn it noarden binne.
Jobbegea is in klup dy't bewust net oerstapt is. It earste alvetal spilet yn de earste klasse sneins. Yn Jobbegea sette se al langer yn op wykeinfuotbal. "It is moai dat je dan wat mear klups út de regio tsjinkomme", seit bestjoerslid Jurjen Varwijk.
It is eins spitich dat dit sa lang duorre hat.
Jurjen Varwijk (VV Jobbegea)
In hantsjefol klups út de regio is de lêste jierren wol oerstapt en dêrom spilet Jobbegea no tsjin klups fierder fuort. "It is eins spitich dat dit sa lang duorre hat", fynt Varwijk. "Oars hienen dy oare klups de oerstap miskien wol net makke."
"We ha no tsjinstanners dat we langer yn de auto sitte as dat we op it fuotbalfjild steane. En ha we supporters dy't wol graach meigeane nei útwedstriden, mar leaver net as it sa fier is."

Libbet mear

Yn it bekertoernoai komt Jobbegea faker ploegen út de eigen regio tsjin. "Dat libbet mear as de wedstriden tsjin ploegen fier fuort yn Grinslân bygelyks."
De feroaringen yn it koart:
Sjoch foar mear details oer de nije fuotbalpiramide op de webside fan de KNVB.
Mei de nije plannen, dy't foar it grutste part yn it seizoen 2023/'24 yngean moatte, mei de thúsklup bepale oft de wedstriid op saterdei of snein fuotballe wurdt. "Wy wolle ús thúswedstriden op snein ha. Op saterdeis wurkje de measte minsken by ús noch."

Net saterdeimiddeis 14.30

Guon wedstriden sille dochs op de saterdei komme, as de tsjinstanner dat wol. Prinsipiële saterdeisklups ha it rjocht om op saterdeis spylje te bliuwen. "Op himsels is dat ek gjin probleem, as it mar net middeis om bygelyks 14.30 oere is. Dêr moatte je in balâns yn fine."
Al mei al is Varwijk bliid mei de plannen. "Ik ha my even ynlêzen, en dit liket prima. We soenen prachtige klups tsjinkomme kinne." Dat soe gean kinne om bygelyks Burgum, Drachtster Boys en Broekster Boys. "Klups mei in soad histoarje, krekt as wy."
Hielendal definityf binne de feroarings noch net: de lederied fan de KNVB stimt yn juny oer de plannen.