Aksjes yn metaalsektor hurder, earste 48-oersstaking yn Fryslân

Meiwurkers yn de metaalsektor lizze it wurk takom wike in pear dagen del foar in bettere cao. De aksjes begjinne moandei yn Fryslân mei in 48-oersstaking.
In meiwurker yn de metaalsektor © Shutterstock / Industryviews
Yn novimber wienen yn it hiele lân al 24-oersstakingen en beaen tûzenen ûntefreden meiwurkers in petysje oan by wurkjouwers.
Underhannelingen oer in nije cao lizze al sûnt oktober stil: bûnen en wurkjouwers kinne it net iens wurde oer in heger lean en in regeling foar swiere beroppen.
Omdat de eardere stakingen neat opsmiten ha, sille fakbûnen FNV, CNV en De Unie fan takom wike ôf hurder aksjefiere.

320.000 meiwurkers

Der wurkje sa'n 320.000 minsken yn de sektor. Der wurdt ûnder oare staakt by ynstallaasjebedriuwen, metaalbewurkingsbedriuwen, isolaasjebedriuwen en karrosserybedriuwen.
Aksjefierders kinne har moandei melde yn Ljouwert en op It Hearrenfean.

Wurkjouwers: easken fakbûnen net mooglik

De wurkjouwers fine it spitich dat der aksjes komme. Se sizze dat se de fakbûnen ferskate kearen frege ha om opnij te ûnderhanneljen, mar dat de fakbûnen earst in konkreet bod op tafel ha woenen. De fakbûnen easkje in leansferheging fan 3 prosint, mar dat is neffens de wurkjouwers net mooglik. Dy wolle net fierder gean as 1,4 prosint.
"Het wordt hoog tijd dat de werkgevers wakker worden en inzien dat dit in deze tijd totaal niet realistisch is", seit aksjelieder Tristan Westra fan CNV Vakmensen. "Werkgevers moeten laten zien dat ze jonge werknemers iets te bieden hebben."