De toan fan Nelleke IJssennagger: "Ynternasjonale froulju"

""Wat wy eins wol witte, mar wêr't wy no op 'e nij wer efterkamen, is dat artikels dy't in relaasje hawwe ta froulju op Wikipedia ûndersnije", seit Mirjam Vellinga fan de Afûk oer it nije projekt WikiWomen dat tiisdei op Ynternasjonale Frouljusdei oankundige waard.
It projekt is in gearwurking tusken Afûk, myn eigen Fryske Akademy en Mercator kennissintrum, Learning Hub Friesland en in gearwurking mei middelbere skoallen yn Fryslân, Ierlân en Baskelân. In ynternasjonaal projekt dus.
Fansels wist ik as direkteur dat dit projekt, der't in Europeiske ErasmusPlus subsydzje foar takend is, úteinsette soe en wie ik op 'e hichte fan wat de eftergrûn, doelen en plannen binne. En dy binne moai, net allinnich rjochte op froulju mar ek op ynformaasje op Wikipedia en bewustwurding fan learlingen oer minderheidstalen. De learlingen spylje derby in aktive rol en de ynternasjonale partners fersterkje derby de bân.
Ek al koe ik it projekt, dochs stie ik efkes stil by de wurden fan Vellinga. Ynformaasje snijt ûnder op Wikipedia, froulju snije ûnder op Wikipedia, minderheidstalen snije ûnder op Wikipedia, op in demokratysk plak. Hoe kinne wy derfoar soargje dat dat net op oare plakken bart?
Tusken alle oerlizzen dy't in direkteur fiere moat troch, seach ik wat werom op Wikipedia. Lit ik ek ris sjen wat der op Wikipedia oer de Fryske Akademy stiet, tocht ik, dat hie ik eins noch nea dien.
Myn each foel op de direkteur-bestjoerder dy't neffens Wikipedia ferantwurdlik is foar de Akademy: dat wie noch de namme fan myn foargonger. En ek al hoech ik sels echt net op Wikipedia, de ynformaasje oer ús ynstitút moat fansels wol klopje. Hielendal yn it ljocht fan dit nije projekt.
Hoe sit it eins mei de ferhâlding manlju-froulju yn ús organisaasje, wie de folgjende gedachte, want fansels hâlde wy dit elts jier by. In pear jier lyn wiene myn kollega's benammen man, op dit stuit binne 20 fan de 41 meiwurkers frou.
Dat is de ôfrûne jierren sa groeid, net troch aktyf belied mar wol troch bewustwurding fan de foardielen fan in wurkmienskip fan ferskaat foar de dynamyk yn 'e organisaasje en yn it ûndersyk. En talint is talint, oft dit talint no manlik of froulik is. Fan beide is der in soad en aldergeloks snijet dit talint net ûnder.
Dat sjogge we ek op oare plakken, dat talint, en ek op oare plakke sjogge we dat froulju derby mear yn byld komme. Mei Arjen Dijkstra en Caspar van den Berge, haw ik it foarrjocht yn 'e advyskommisje fan de Dr. Joast Hiddes Halbertsmapriis te sitten.
De priis foar publikaasjes op it mêd fan skiednis, taal, kultuer, literatuer en sosjale wittenskippen wurdt eltse fjouwer jier útrikt, en woansdei wie bekend makke wa't de winner is. Troch de wurden fan Vellinga op ynternasjonale frouljusdei, sjoch ik ynienen oars nei de oankundiging.
Dit jier wurdt foar it earst sûnt Tony Feitsma de priis yn 1988 wûn hat, de Halbertsmapriis wer oan in frou takend. Dermei wurdt Alpita de Jong, dy't in tsjokke biografy oer Halbertsma skreaun hat, de twadde froulike winner fan de Halberstmapriis yn de skiednis fan dy priis.
No Wikipedia dus noch. Ynternasjonale frouljusdei giet ûnder mear oer demokratyske rjochten. Ik hoopje dat minsken fan dat rjocht gebrûk meitsje om op Wikipedia-artikels te skriuwen oer minsken, kultueren of minderheden dy't sy wichtich fine. Wy hawwe yn elts gefal de frijheid naam om de direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy op Wikipedia oan te passen nei in frou.
En Alpita de Jong en Tony Feitsma? Dy steane al op Wikipedia, mar allinnich yn it Frysk."