Hanthaveners wolle bettere neilibbing fan soarchplicht foar greidefûgels

Boeren ha in wetlike soarchplicht foar greidefûgels yn harren lân. Hoe't dat hanthavene wurdt, is lykwols al langer de fraach. Hanthaveners sels ha wol in idee en ha dêr no ôfspraken oer makke mei ûnder oare boeren.
Wiet fûgeltsjelân © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Hanthaveningsorganisaasje FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) wol ynformaasje oer boeren dy't de wetlike soarchplicht skeine. Dy ynformaasje moat komme fan agraryske natuerkollektiven, gebietskoördinatoaren en fûgelwachten.
Dêroer binne ôfspraken makke, hat FUMO-direkteur Pieter Hofstra tongersdei sein op de jierlikse Greidefûgelkennisdei op De Jouwer.

Och heden om de plicht

Oer dy wetlike soarchplicht hat in soad te dwaan west. De provinsje woe yn in feroardering regelje dat boeren foar harren wurk der wis fan wiene fûgels net te folle yn 't paad te sitten. Of noch slimmer, nêsten en fûgels skansearje.
It wie in grut och heden en it plan waard weromlutsen, omdat der gjin stipe foar wie. Yn stee dêrfan leit der no in 'ôfsprakekader', dêr't alve agrayske organisaasjes yn sizze dat sy dat doel op in oare, frijwillige wize berikke wolle.

Nije oanpak

"De nije oanpak is dat wy dus mei de gebietskoördinatoaren, de fûgelwacht en de kollektiven yn petear gean", seit direkteur Hofstra fan de FUMO, in tsjinst dy't foar alle Fryske oerheden wurket.
"En dat wy fan har ek hearre, of troch eigen konstatearringen mei bygelyks drones, wa't him no net oan de regels oer de soarchplicht hâldt. En dat wy graach ek yn petear wolle mei dejinge en hoopje dat wy minsken oerhelje kinne om wol te foldwaan oan dy soarchplicht."
It kantoar fan de FUMO yn Grou © FUMO
Sa'n petear is wichtich, sa makket Hofstra dúdlik. "Mar it soe fansels noch folle moaier wêze as sy ek sels motivearre wurde om it ek te dwaan. En net allinnich út in strafgedachte wei."
As it net slagget, dan hâldt it ek in kear op. Dan moatte wy ús taak as hanthavener útfiere.
Pieter Hofstra (direkteur FUMO)
Dat lêste ynstrumint hat de FUMO fansels wol, seit Hofstra: "As it net slagget, dan hâldt it ek in kear op. Dan moatte wy ús taak as hanthavener útfiere. En dat kin mooglik ferbalisearjen wêze." De earste ynset is dúdlik op previnsje. Mar boeren dy't oare boeren ferklikke, dat leit wol hiel gefoelich.

"Sunich wêze op de fûgels"

Hofstra dêroer: "Dy ôfspraak hawwe wy wol makke, mar de praktyk sil wol wat wjerstribbiger wêze as de teory. Wy hawwe dúdlike ôfspraken makke. Ik tink ek dat it in kwestje fan opbouwen is, dat wy dêr in posysje yn krije as FUMO. Mar ek dat men der bewust fan wurdt dat it wol in kear ophâldt. Wy moatte sunich wêze op dy fûgels. Safolle binne der net mear. Gedrach om bewust dingen stikken te meitsjen, kinne wy net mear akseptearje."
In nêst fan in ljip, krekt net rekke troch de boer © ANP
Roel Visser is wol wat mear weromhâldend as it om it dielen fan ditsoarte ynformaasje giet. Hy praat út de alve agraryske organisaasjes wei oer de soarchplicht.
"Ik tink dat wy it dêr noch wol oer hawwe moatte", seit er. "It is yndie sa dat ek út de lânbou wei sein wurdt dat wy minsken dy't der echt in potsje fan meitsje oansprekke moatte. Mar oft wy dêr echt op basis fan hanthavening mei oan de gong wolle, is foar ús noch bot in fraach. Wy soene graach wolle dat it mear mei in goed petear giet. Net yn ferbalisearjende sfear."

"Foar ús útskowe"

Him frege oft der dan hielendal gjin hanthavening wêze moat, seit Visser: "Ik soe it momint fan it optreden sa fier mooglik foar ús útskowe wolle. Wy moatte alles besykje om it fia de 'gemoedelijke weg' op te lossen."
Neffens Visser is de juridyske definysje fan wat de soarchplicht eins betsjut yn de praktyk net sa ienfâldich te brûken.