Poalen nei Fryske dumpstores om oarloch: “Se wurde senuweftiger”

Kûgelfrije festen, helms, rantsoen en wettersuveringstabletten: by Fryske dumpstores is it net oan te slepen. Yn de dumpstore yn Boalsert wiene de measte produkten nei in dei al fuort.
Vincent Diepeveen fan Dick's Dumpstore yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Esther Dijkstra
Neffens Haye Stoffelsma fan American Base yn Boalsert binnen de measte klanten lju út Poalen. "Dit binne wy net wend", seit er. It lân leit oan de grins mei Oekraïne en omdat de minsken yn Nederlân wurkje, bringe se hjir in besite oan in dumpstore.
"Dat komt ek omdat dumpstores yn oare lannen al leech wiene. Se ride hiel wat kilometers om't oan it spul te kommen om harsels te ferdigenjen of te oerlibjen", leit Stoffelsma út.
"Dit is hamstergedrach"
Guon strune allerhanne winkels ôf om't se nei Oekraïne wolle om te fjochtsjen. "Somtiden binne it minsken mei in militêr ferline. Poalen dy't net fier by de grins wei wenje wurde ek senuweftiger."

Om 'e nocht kaam

It is wol spitich, fynt er. Want as se belle hiene, hiene se witten dat de winkel sa goed as leech wie. Tenminsten, as it oer útrissing giet, lykas kûgelfrije festen en jerrycans foar benzine of disel.
De minsken komme net allinich út Poalen, ek guon Nederlanners besykje dingen yn te slaan, lykas campinggasstellen. "Omdat se banaud binnen dat it gas op rekket."
Yn de dumpstore yn Ljouwert sieten se ek efkes sûnder foarried. Mar omdat se op tiid ynsleine, hawwe se no wer kûgelfrije festen, rantsoen en wettersuveringstabletten. "Je ziet dat er toch andere dingen uitverkocht raken, dan voor het begin van dit conflict in Oekraïne", seit Vincent Diepeveen as eigener fan Dick's Dumpstore.