Sintrale opfanglokaasje flechtlingen op It Hearrenfean, ek oare gemeenten regelje opfang

De gemeente Hearrenfean wurdt it earste opfangportaal foar Oekraynske flechtlingen yn Fryslân. Yn sporthal Blauw Wit kinne flechtlingen op siken komme, harren ynskriuwe en dêrnei in lokaasje foar langere opfang krije.
Oekraynske flechtlingen yn Nederlân © ANP
It giet om de hal oan it Hege Stik, njonken de brânwachtkazerne en net fier fan De Heide. Dy lokaasje wurdt ynrjochte út namme fan Veiligheidsregio Fryslân en alle gemeenten.

Elts earst trochferwiisd nei It Hearrenfean

De hal moat dus tsjinje as provinsjale opfanglokaasje, dêr't flechtlingen dy't mei de trein, bus, as groep of as yndividueel oankomme kinne. "Landelijk wordt naar Heerenveen doorverwezen, en vanuit Heerenveen gaan de mensen zo gauw als mogelijk door naar een locatie voor langere opvang", ferklearret boargemaster Tjeerd van der Zwan.
De measte minsken sille maksimaal twa dagen yn de Feanster hal bliuwe, ferwachtet Van der Zwan. "Ik kan me voorstellen dat mensen zo snel mogelijk ook naar een andere locatie gaan."
De BlauwWit-hal (argyfbyld) © @VanEgters
De measte minsken sille maksimaal twa dagen yn de Feanster hal bliuwe, ferwachtet Van der Zwan. "Ik kan me voorstellen dat mensen zo snel mogelijk ook naar een andere locatie gaan."

Oare opfangplakken

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt Hotel Galamadammen klearmakke as opfanglokaasje foar flechtlingen út Oekraine. Dêr is foar 150 minsken plak. It hotel is twa jier lyn tichtgien, mar de fasiliteiten foar opfang fan minsken binne der noch wol.
De gemeente regelet no dat it hotel klearmakke wurdt, mar soarget ek foar bygelyks medyske help en ûnderwiis. Súdwest-Fryslân besjocht noch mear opsjes foar de opfang fan Oekraynske flechtlingen.
Yn Appelskea kinne 40 Oekraynske flechtlingen opfongen wurde yn Hotel Appelscha. De eigener fan it hotel hat dat dizze wike oanbean by de gemeente. As it nedich is, kinne der ek mear minsken plak krije.
De gemeente Eaststellingwerf is dwaande mei noch mear opfangplakken. De gemeente freget minsken dy't helpe wolle de gemeentlike webside yn de gaten te hâlden. Dêr komt op te stean wêr't ferlet fan is. Sa wurdt foarkaam dat it hotel oerspield wurdt mei guod dat se net kwyt kinne.
Sintrale opfanglokaasje flechtlingen op It Hearrenfean: