Twa jier corona yn Fryslân: dit wit boargemaster Van Selm noch fan dei 1

It is eksakt twa jier lyn dat boargemaster Ellen van Selm foar it earst in coronabesmetting yn Fryslân bekend makke. It begûn mei in pear op De Gordyk, yntusken hawwe hast 237.000 Friezen corona hân.
Boargemaster Ellen van Selm op 10 maart 2020, op de parsekonfersinsje © Omrop Fryslân
De man en frou fan De Gordyk giene fuortendaalks mei harren soan yn thúsisolaasje. De Gordyksters diene op 8 maart in test en krigen in dei letter de útslach. De man hie it firus oprûn fia syn wurk bûten de provinsje, doe't er kontakt hân hie mei in Brabanner.
De boargemaster kin it noch goed weromhelje. "Eigenlijk hoorde ik het nieuws al op 9 maart, aan het einde van de middag. We wisten natuurlijk dat het een keer zou komen. We hadden draaiboeken klaarliggen, die in samenwerking met de Veiligheidsregio en GGD samengesteld."
Sa seach de parsekonferinsje fan de gemeente, GGD en Veiligheidsregio der doe út © Omrop Fryslân
Van Selm hie út har funksje wei noch allerhanne oare putten, mar yn de jûn moast sy in parsekonferinsje hâlde om de besmetting bekend te meitsjen. "Ik mocht eerst nog een oorkonde uitreiken aan de vinder van het eerste kievitsei in Opsterland, daarna was een raadsvergadering. In de schorsing heb ik de persconferentie voorbereid en zelfs nog de man gebeld die corona had."

Spannende tiid

It wie tige spannend, jout Van Selm oan. "Vooral omdat we niet wisten wat ons te wachten stond. Gelukkig ging het niet heel slecht met die mensen. Ze dachten wel: wat overkomt ons nu. Maar ze voelden zich niet heel ziek. Er zijn natuurlijk ook mensen geweest bij wie het allemaal veel zwaarder is geweest."
Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân
As sy weromsjocht op de ôfrûne twa jier, tinkt Van Selm dat der ferskate fazen west hawwe yn de krisis. "Als je zo terugkijkt, hadden we in het begin heel erg de spirit: samen de schouders eronder, we komen eroverheen. We hebben ook een tijd gehad dat we wat moedeloos waren. Maar nu kun je toch concluderen dat we het grotendeels achter de rug hebben."

Foar jongelju it dreechst

It dreechst fûn sy it foar jongelju. "Zij staan te popelen om hun leven in te richten en nieuwe dingen te ontdekken, maar dat kon niet. En daarnaast mensen die getroffen werden in hun broodwinning."