HEA! 20 jier, de bruorren Postma

Yn 2011 wie der in bysûndere foto-eksposysje oer it libben fan de bruorren Johannes en Robijn Postma te sjen yn de skuorre fan harren pleatske op de buorskip Keimpetille by Dronryp.
HEA! 20 jier, de bruorren Postma
Fotografe Jantine van der Knaap luts in skoft mei de bruorren op. Foaral de fisy op libben en dea fan Johannes wie opmerklik. Yntusken binne beide Postma's ferstoarn. Fotografe Van der Knaap sjocht werom op harren bysûndere libbens.