Fryske grinsrjochters krije besite fan lilke bestjoerders Paris Saint-Germain

De Fryske grinsrjochters Hessel Steegstra en Jan de Vries hawwe nei ôfrin fan it Champions League-duel Real Madrid - Paris Saint-Germain besite krigen fan lilke bestjoerders fan de Frânske klup.
PSG-doelman Donnarumma protestearret nei de earste goal fan Real Madrid © Orange Pictures
Mei skiedsrjochter Danny Makkelie hienen Steegstra en De Vries de lieding oer de wedstriid yn de achtste finales. Der ûntstie frustraasje by de Frânske klup, nei't de Nederlânske arbitraazje in doelpunt fan Real Madrid goedkard hie. Yn de eagen fan de Parise klup wie dêrby in oertreding makke op harren keeper.
Neffens Spaanske media wiene de foarsitter en technysk direkteur fan Paris Saint-Germain nei de wedstriid lilk. Se ha by it Nederlânske skiedsrjochterstrio yn de klaaikeamer harren frustraasje dúdlik makke.

Besite yn klaaikeamer

Steegstra en De Vries meie der net al te folle oer sizze. Mar neffens Steegstra klopje de berjochten yn de media wol en hawwe se nei de tiid besite hân yn de klaaikeamer.
It Fryske twatal kin fierder werom sjen op in goeie wedstriid. Twa kear waard troch harren flagjen in doelpunt terjocht ôfkard.