Trije gemeenten krije miljoenen fan Den Haag om fan it gas ôf te kommen

Trije gemeenten yn Fryslân krije in miljoenebydrage fan it Ryk om in doarp, buert of wyk ierdgasfrij te meitsjen. It giet om Ljouwert, Skiermûntseach en Súdwest-Fryslân.
Isolaasje © ANP
It projekt hjit Programma Aardgasvrije Wijken. Dêrfoar hienen 47 gemeenten har oanmeld. It projekt rint al langer: yn 2018 en 2020 binne der al fyftich wiken, buerten en doarpen oan de slach gien as proeftunen.
Lucy Gelderblom oer ien fan de projekten
De nije projekten fan no kinne mei-inoar beskikke oer goed 50 miljoen euro, Yn Súdwest-Fryslân is Heech ien dêrfan. It projekt Warm Heeg is in boargerinisjatyf wêrmei't mei de ynset fan akwatermy it doarp ierdgasfrij wurde moat. Akwatermy is in technyk wêrby't hûzen foarsjoen wurde kinne fan waarmte út iepen wetter bûtendoar.

Waarmte út grêftswetter

Yn de Oranjewyk yn Ljouwert wurde ek oanpassingen dien. De wyk falt ûnder beskerme stedsgesicht. De huzen wurde stap foar stap isolearre sadat se reedlik op temperatuer bliuwe. Yn kombinaasje mei waarmte-enerzjy út grêftswetter moat dat in ferfanging wêze fan stokerij op gas.
Dizze proseduere moat in foarbyld wêze foar de oanpak yn oare histoaryske binnenstêden yn Nederlân.

Waarmtenet en kollektive luchtwaarmtepompen

Op Skiermûntseach is it doel dat it waarmtenet fan it Nieuw Dokkum Collectief yn kombinaasje mei mienskiplike luchtwaarmtepompen de boel ferwaarmje moat. De bewenners krije in oplieding yn de technyk. Fierders komt der ek in buertcoach.