Langer gjin spitstreinen Ljouwert-Snits troch syktefersom by Arriva

De oanpaste tsjinstregeling fan treinferfierder Arriva op it trajekt Ljouwert-Snits bliuwt langer fan krêft. Oant en mei 20 maart ride der minder treinen.
In reizger mei in trein fan Arriva © ANP
Arriva feroare twa wiken lyn de tsjinstregeling: omdat in soad masinisten thús sitte mei corona, slagget it net om de roasters rûn te krijen. Tusken Ljouwert en Snits ferfalle dêrom de spitstreinen.
Dat soe yn earste ynstânsje duorje oant en mei 13 maart, mar it ferfiersbedriuw seit no dat de roasterproblemen noch net foarby binne. Meiwurkers út oare parten fan it lân helje kin net, om't der wol in bytsje 'wegbekendheid' nedich is op de trajekten.
De spitsritten Ljouwert-Snits dy't ferfalle:
De spitstreinen ferfalle, mar de stoptrein bliuwt wol twa kear yn 'e oere riden.
Net allinnich tusken Ljouwert en Snits ferfalle ritten, op trije trajekten yn Grinslân jildt itselde.