Man yn Ljouwert ferwûne nei stekynsidint, fertochte oanholden

De plysje hat in 26-jierrige Ljouwerter oanholden dy't fertocht wurdt fan in stekynsidint, tongersdeitemoarn. Dêrby rekke in man fan 34 jier ferwûne.
De plysje dwaande mei ûndersyk © Kappers Media
De ferwûne man waard moarns oantroffen yn de Dennenstraat. Hy is behannele troch ambulânsepersoniel en nei it sikehûs brocht.
De plysje wist doe al dat it stekynsidint net yn de Dennenstraat wie, mar op in oar plak. Nei ûndersyk kaam de plysje út by de Willem Loréstraat. It stekynsidint wie dêr yn in hûs.