Platfoarm moat Friezen by polityk belûke: “Belutsenens is mear as stimme”

Provinsje Fryslân hat woansdei in nij platfoarm lansearre: Stim fan Fryslân. Dêr kinne Friezen har miening jaan en fertelle wat der yn Fryslân barre moat, om de provinsjale polityk oan te fiterjen.
De flyer © Twitter kommissaris Brok
Neffens kommissaris fan de Kening Arno Brok besykje de Steaten de ynwenners fan Fryslân sa op in moderne wize by de polityk te belûken. "Minsken kinne fertelle wat sy fine en as 500 minsken itselde fine, dan sette wy dat troch nei Provinsjale Steaten, dy't it meinimme yn har diskusjes."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
Brok hopet dat safolle mooglik Friezen meidogge oan de proef. "Dan kinne wy nei de simmer miskien it beslút nimme om der mei troch te gean. Ik hoopje ek dat de Steaten dit ynstrumint aktyf brûke sille om ynwenners te beheljen by aktuele fraachstikken."
Belutsenens by de polityk is mear as ien kear yn de fjouwer jier in stim útbringe foar de Steateferkiezingen.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
De kommissaris docht ek in berop op de boarger: "Belutsenens by de polityk is mear as ien kear yn de fjouwer jier in stim útbringe foar de Steateferkiezingen."
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Deputearre Sietske Poepjes
As earste wurdt op Stim fan Fryslân de fraach steld hoe't de Fryske taal behâlden wurde kin. Deputearre Sietske Poepjes: "As jo ideeën hawwe oer ús Fryske taal en fine dat wy alle foardoarren yn de provinsje mei in Fryske flagge beskilderje moatte: set it op de webside, fertel hoe djoer it is en wêrom't it in goed idee is, dan sjogge wy dêrnei."
Efter de gevel van it Provinsjehûs kinne wy leuke en moaie dingen betinke, mar it is net altyd wêr't de mienskip op sit te wachtsjen.
Deputearre Sietske Poepjes
Mits de ideeën net te nuver binne, fansels. "As it heal kin sille wy dat útfiere. Efter de gevel van it Provinsjehûs kinne wy leuke en moaie dingen betinke, mar it is net altyd wêr't de mienskip op sit te wachtsjen." Dêrom kinne Friezen op dizze wize har stim hearre litte.
Gemeenten Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel en Hearrenfean nimme ek diel oan de proef. De provinsje hopet dat ek oare gemeenten en Wetterskip Fryslân meidogge oan it platfoarm, dat op stimfanfryslan.frl te finen is.