Grutte sykaksje nei miste frou (85) yn de omkriten fan Boelensloane

Yn Boelensloane wie woansdei in grutte sykaksje nei in miste frou fan 85 jier. It begûn mei in melding op Burgernet, dêrnei hawwe tsientallen plysjeminsken en in Search and Rescue-team socht. Foar safier bekend is de frou noch net oantroffen.
© Noordernieuws
Ek in droneteam en in plysjehelikopter binne ynset om de frou te sykjen. Dat waard ek yn omlizzende doarpen as De Houtigehage en Surhústerfean dien.
De frou is sûnt 13.00 oere fuort. De frou soe in blauwe broek en in reade trui oan hawwe, op sandalen omrinne en in teddybear by har drage. Mooglik is de frou fan Boelensloane yn 'e rjochting fan Surhústerfean rûn.