Fan nôt, mais oant keunstdong: de prizen fleane troch it dak

De konsumint krijt it foar de kiezzen: troch de oarloch yn Oekraïne wurde nôt (graan), mais en keunstdong djoerder. It is ek in probleem foar alle bedriuwen dy't by de produksje en levering belutsen binne.
By nôthannel Pars yn Sint-Jabik is it in gekkeboel:
Ruslân is de grutste eksporteur fan nôt, rogge en koarn en Oekraïne is in grutte spiler op it mêd fan nôt, mais en sinneblomoalje. It is mar de fraach oft der gau wer in risping folget mei de oarloch no.
Yn it uterste gefal soe de nôtpriis wol ferdûbelje kinne en de priis fan mais mei 30 persint tanimme kinne. Dat wurket troch yn bygelyks de priis fan bôle, bier en koekjes. Mar om't nôt ek foar feefoer brûkt wurdt, kin it ek trochwurkje yn de priis fan fleis en aaien.

Prizen fleane omheech

"Foardat de Russen Oekraïne binnenfoelen, leine de prizen om de 280 euro de tonne hinne. Doe't de oarloch begûn, fleagen de prizen omheech. Dat der op in dei 60 euro de tonne by komt is absurd. Dat haw ik noch nea earder sjoen", seit nôthanneler George Pars fan Sint-Jabik.
Oan alle kanten is der ûnwissens. "De ikkerbouwers wolle it nôt graach ferkeapje en sy wolle witte wat sy der foar krije kinne. Feehâlders wolle as ôfnimmers graach wissichheid fan levering en wolle witte wat de kostpriis is."

Djoer bykeapje

Ek binne der gefallen wêryn't bedriuwen har beroppe op oermacht, fanwegen de oarlochssituaasje. "Dan hoecht de levering net troch te gean. As je dan wat kocht hawwe en it giet net troch, dan hawwe je wol in grut probleem, omdat je it bygelyks al trochferkocht hawwe. Dan moatte je al hiel djoer bykeapje om it op te fangen. dy romte is der op dit stuit net."