HEA! Piet Bulthuis ferslave oan reizgjen
Piet Bulthuis (82) fan Harns hat mei syn oldtimer út 1968 al tsientallen reizen makke. It is in djoere hobby, mar it smyt him foaral in soad op.
Syn earste reis wie 20 jier lyn en dêrnei wie Bulthuis net mear te hâlden. Hy hat al in hiel soad lannen sjoen, fan yn Afrika oant Súd-Amearika. De hiele auto sit dan ek folplakt mei stikkers.