Ljouwert krijt der 800 nije sosjale hierwenten by

It sosjaal ferhierbedriuw WoonFriesland wol de kommende jierren 800 nije sosjale hierwenten yn Ljouwert bouwe. De gemeente Ljouwert leveret de kommende tsien jier hûnderten boukavels.
Wethâlder Hein de Haan en Sigrid Hoekstra fan WoonFriesland © Hoge Noorden
Yn de gemeente Ljouwert is lykas yn oare gemeenten grutte fraach nei hierwenten. It bouwen en beskikber stellen fan ekstra sosjale hierwenten moat de druk op de sosjale hiermerk yn de gemeente ferlichtsje.

Hem, Middelsee en Nij Oud Oost

Der binne konkrete nijbouplannen op koarte termyn yn De Him, Middelsee en Nij Oud Oost. Oer oare konkrete lokaasjes moat de kommende jierren mear dúdlik wurde. Wethâlder Hein de Haan seit dat Ljouwert mei dizze plannen ynset op wat dêr't op it stuit grut ferlet fan is: betelbere sosjale hierwenten dy't yn oanmerking komme kinne foar hiertaslach.
Direkteur Sigrid Hoekstra fan WoonFriesland
"We willen graag dat niet je portemonnee bepaalt waar je woont, maar waar inwoners een bijdrage kunnen leveren aan de samenleving. Dat betekent gemengde wijken met woningen in verschillende segmenten. Zo creëren we voor iedereen een (t)huis", seit De Haan.