De toan fan Froukje Sijtsma: "Minister fan de Takomst"

"Ik fyn it altyd fassinearjend om op grutte hichte nei myn omjouwing te sjen. Ferline wike bygelyks. Ik haw in itentsje yn Ljouwert yn in restaurant op de alfde etaazje. It is moai helder waar en we kinne hiel fier sjen, sels bûten de stedsgrinzen.
Myn eagen folgje de rûten dy't ik gewoanwei kuierje of fyts. Ik sjoch de Aldehou, de Sint-Bonifatius- en de Sint-Dominikustsjerke. Ek de Achmeatoer en it provinsjehûs mei syn glêzen útkyk springe derút.
By my oan tafel sit ûnder oaren Klaas Sietse Spoelstra fan Terbant. Hy smart wat krûdebûter op in broadsje, en fertelt dat syn dochter fan 15 dit jier bepale mei wat hy en syn frou stimme sille by de gemeenteriedsferkiezingen. Dat mocht se ek al mei de Twadde Keamerferkiezings ferline jier.
Klaas Sietse rekke hjirta ynspirearre troch de Britsk-Australyske kultuerhistoarikus en publyksfilosoof Roman Krznaric, skriuwer fan it boek De Goede Voorouder. Langetermijndenken voor een kortetermijnwereld. Ek dizze man liet syn bern syn stim bepale.
Klaas Sietse seit dat er it belangryk fynt dat er by it útbringen fan syn stim de takomst fan syn dochter en de kommende generaasjes foar eagen hat.
Syn dochter bepaalt takom wike dus op hokker partij en sels op hokker persoan har heit en mem stimme sille. Op dit stuit ferdjippet Suze Rixt har yn de partijprogramma's fan de gemeente Hearrenfean en fiert sy mei har âlden diskusjes oer de tema's dy't foarby komme.
Hoe moat de gemeente it wenningtekoart oplosse? Wat fynt sy fan sinneparken en wynmûnen? En hoe sjocht sy nei de jongereinsoarch en de wmo? Suze Rixt is in tiener en drok mei skoalle, freondinnen en al dy oare saken dêr't famkes fan 15 har om bekroadzje. Mar it útbringen fan twa stimmen leart har dat har miening it ferskil meitsje kin.
Klaas Sietse jout my in broadsje oer. Hy is hikke en tein yn itselde doarp as ik. Hy fertelt dat ferskillende foarâlden begroeven lizze yn de terp fan Hallum. As er harren nammen op de grêfstiennen sjocht, freget er him faak ôf: soenen sy ek oan it neiteam tocht hawwe by de besluten dy't sy makken?
Ik ken Klaas Sietse as in feroaringsstrateech dy't belutsen is by grutte politike en maatskiplike prosessen. Wêr wolle wy hinne mei ús allen? Hoe komme wy dêr? En hoe soargje wy derfoar dat ús bern en bernsbern yn de takomst in sûn en lokkich libben hawwe kinne?
"It binne faak de folgjende generaasjes dy't de problemen oplosse meie dy't de generaasjes fan no en hjirfoar yn gong set hawwe," seit Klaas Sietse krêftich.
En krekt dat is de reden dat hy sûnt ferline jier Minister wurden is. Minister by it Ministearje fan de Takomst. In boargerinisjatyf fan begiene minsken út Fryslân, Grinslân en fier dêrbûten, dy't wolle dat politisy by alles wat se dogge net allinnich de belangen fan har kiezers behertigje, mar harren dêrby ek altyd ôffreegje hoe't de minsken fan no 'goeie foarâlden' wêze kinne foar de folgjende generaasjes.
It Ministearje fan de Takomst wol politisy bewust meitsje fan dat langetermyntinken. Op Falentynsdei dit jier joegen se dêrom berneskuon kado, oan alle Twadde Keamerleden, ministers en steatssekretarissen. Sy krigen it fersyk om de ôftrape skuon op in sintraal plak op harren wurkkeamers del te setten, en alle kearen as se moasjes of keamerfragen tariede of partijprogramma's skriuwe, de takomst fan de folgjende generaasjes foar eagen te hâlden.
Fan 'e wike is bekend makke dat al goed 400 gemeenteriedsleden yn Nederlân har ferbine wolle oan it Takomstberied fan it Ministearje fan de Takomst. By alle besluten dy't dizze gemeenteriedsleden meitsje wolle sy ek de kommende generaasjes belûke.
De ober skinkt ús wynglêzen nochris by. Klaas Sietse en ik prate fierder oer de oansteande gemeenteriedsferkiezingen. In soad minsken fine it dreech om lokaal te stimmen, mei al dy lanlike, Europeeske en sels wrâldwide útdagingen op de foargrûn. Oarloch yn Europa, de coronapandemy, klimaatdoelen dy't net helle wurde en grutte enerzjytekoarten. Wat hat it dan foar doel om lokaal te stimmen?
"Just by sokke grutte problemen moatst it lyts meitsje", stelt Klaas Sietse. "Dy oarloch yn Oekraïne of it klimaatprobleem losse do en ik allinnich net op. Mar as wy yn ús eigen hûs, tún, doarp of gemeente foarút sjogge en dêrby ek ús bern en bernsbern yn gedachten hâlde, dan makkesto miskien mar ien meter ferskil, mar mei ús allen kinne wy grutte stappen sette."
Ik pak myn wynglês en nim in slok. Klaas Sietse en ik sjogge by it praten efkes nei bûten. It is al tsjuster wurden en de kontoeren fan de stêd wurde sichtber troch al dy lytse ljochtsjes. Mei it útsjoch op de stêd, reitsje ik efkes yn gedachten: watfoar gemeente soe ik hjir graach sjen wolle? Hokker takomst winskje ik myn dochter en de kommende generaasjes ta?"