Kultuer yn Ljouwert yn aksje foar frede: keunst as wapen tsjin Poetin

Skriuwers, dichters en muzikanten yn Fryslân komme dit wykein yn aksje foar de frede. Sy wolle in artistyk tsjinlûd hearre litte. De literêr-muzikale beweging komt snein byinoar yn ytkafee De Basuin efter it stasjon yn Ljouwert.
Syds Wiersma by De Basuin © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It is in inisjatyf fan dichterskollektyf RIXT, kultureel tydskrift De Moanne en Leeuwarden City of Literature. "Wy wolle mei syn allen sjen litte wat de krêft fan kultuer wêze kin yn dizze ferskriklike tiid", seit inisjatyfnimmer Syds Wiersma. De opbringst giet nei Giro555.

Allerhanne artysten

Ferskate artysten trede op en learlingen fan kristlik gymnasium Beyers Naudé sille ferhalen en gedichten foardrage en muzyk meitsje. Neffens Wiersma is der noch romte foar oare skriuwers, dichters en muzikanten.
© Optrede foar de frede
"It wurdt in soarte fan iepen poadium. It evenemint is meartalich. It stiet eltsenien frij om de taal fan it hert te brûken." Wiersma hopet dat nei snein in beweging op gong komt foar de frede en tsjin de oarloch. "Ferhalen fertelle, leed diele en treast jaan, dêr giet it om."

Keunst as wapen tsjin Poetin

Ut Fryslân wei is kontakt mei skriuwers en útjouwers yn Oekraïne. Dy fertelle hoe't it no is en wat sy meimeitsje. "Ien útjouster fertelde ús dat ien fan de sterkste wapens tsjin Poetin keunst is. By keunst giet it om skeppe, kreatyf wêze en ferbining sykje. En krekt dêr is Poetin deabenaud foar."
Syds Wiersma
Wiersma hopet dat it drok wurdt yn de Basuin mei artysten en publyk. "Je wurde lilk fan de oarloch, emosjoneel en je wolle wat betsjutte. Dêrom dogge wy dit."