Cambuur is keeper Sonny Stevens minimaal in moanne kwyt

SC Cambuur kin minimaal in moanne net beskikke oer keeper Sonny Stevens. Dat hawwe ûndersiken yn it sikehûs útwiisd.
Sonny Stevens doe't er blessearre rekke © Orange Pictures
De doelman rekke ôfrûne snein blessearre yn it duel mei FC Twente. Dat it ankel skea oprûn hat, is wis. Mar wat der krekt mei oan de hân is, is noch net dúdlik. Dêrtroch is noch net krekt te sizzen hoelang't er krekt út de rûlaasje is, mar Stevens lit witte dat er ferwachtet dat it sa'n fjouwer oant seis wiken is.
It is in gemis foar de ploech fan trainer Henk de Jong. Stevens is in wichtige spiler en makket in goed seizoen troch ûnder de latte. Hy mist dêrtroch ûnder oare de wedstriid tsjin Ajax fan freed. Reservekeeper Pieter Bos sil Stevens de kommende wiken ferfange.