Einrapport Lelyline: bou 220.000 ekstra wenten net realistysk

It foarstel fan de noardlike provinsjes om yn kombinaasje mei de oanlis fan de Lelyline 220.000 ekstra wenten te bouwen is net realistysk. Dat docht bliken út it mienskiplike ferdjipjend ferfolchûndersyk.
De plannen binne net realistysk, seit it rapport:
It ûndersyk nei de helberens fan de Lelyline waard útfierd yn opdracht fan it Ryk en de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân.
Neffens de tiisdei presintearre 'Gezamenlijke analyse Deltaplan voor Noordelijk Nederland' is de bou fan ekstra wenten grif mooglik, mar sil it ophâlde mei 25.000 oant 75.000 ekstra wenten.

Ruildeal

Yn it ferline jier presintearre rapport 'Bouwstenen voor het Deltaplan' stelden de belutsen provinsjes in 'ruildeal' foar. As it Ryk ree is om te ynvestearjen yn de oanlis fan de Lelyline, de Nedersaksenline fan Grins oer Emmen nei Enschede en it ferbetterjen fan it besteande spoar, soe it noarden mar leafst 220.000 ekstra wenten realisearje kinne om it nasjonale tekoart oan huzen oan te pakken.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
Yn Fryslân soe romte wêze foar de bou fan 45.000 huzen ekstra, likefolle as no yn de stêd Ljouwert steane. Neffens de tiisdei presintearre analyse kin de Fryske bydrage oan de ekstra wentebou bysteld wurde nei sa'n 15.000 huzen ekstra.

Tusken de 5 en 10 miljard

De kosten fan de nije spoarline fan 125 kilometer fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins wurde rûsd op in bedrach tusken de 5 en 10 miljard euro. It Ryk hat yn it regearakkoart 3 miljard euro foar de ambysje reservearre. Foar oanfoljende finansiering tidiget it Ryk op bydragen út de regio en Europa.
Om bepale te kinnen hoe djoer oft de spoarline krekt wurdt is oanfoljend ûndersyk nedich nei it trasee en de kosten fan it trasee. Yn it tiisdei presintearre rapport wurdt útgien fan in trasee lâns de autodiken A6 en A7, mar dat is heechút 'yndikatyf', sa skriuwe de ûndersikers.
Sijbe Knol fan de FNP oer it rapport
De bou fan ekstra wenten yn it noarden sil wol gefolgen hawwe, sa warskôgje de ûndersikers. Omdat net elts njonken it stasjon wenje kin of wol sil it drokker wurde op de diken yn de regio en moat der ek ynvestearre wurde yn autodiken en fytspaden. Ek dit sil miljoenen kostje.

Tiidwinst

De Lelyline draacht wol by oan in foarse tiidwinst foar reizgers fanút Ljouwert nei Schiphol en Rotterdam. De ûndersikers ferwachtsje dat de reistiid mei de trein fanút Ljouwert nei Schiphol mei op syn minst 40 minuten ôfnimme sil.
Ek kin de Lelyline derfoar soargje dat guon kearnen in 'agglomeraasje-effekt' fertoane, wat betsjut dat dizze plakken ekstra bedriuwen en ynwenners lûke. Op It Hearrenfean soe dat samar it gefal wêze kinne, skriuwe de ûndersikers. Sy fergelykje It Hearrenfean yn dat ramt mei de Dútske stêd Montabaur. Dizze stêd begûn bot te groeien, neidat it plak in stasjon krige op de flugge ICE-spoarline Köln-Frankfurt.

Net posityf oer ferbettering

De ûndersikers hawwe ek sjoen nei de mooglikheid om it besteande spoar tusken Zwolle en de stêden Ljouwert en Grins te ferbetterjen. Dêr binne se net hiel posityf oer. De kosten binne heech, wylst de tiidwinst en de geunstige ekonomyske effekten mar beheind binne.
Ynvestearringen yn de Lelyline en ek yn de Nedersaksenline fan Grins oer Emmen nei Enschede komme folle better út it ûndersyk. Neffens in foarriedige Maatskiplike Kosten Baten Analyze, troch de ûndersikers omskreaun as 'quickscan MKBA', jildt foar beide nije spoarlinen dat de ynvestearringskosten heger binne as de opbringsten.

Plan B

It Eindrapport Lelyline - ek wol Plan B - is 220 siden tsjok. Likegoed is der mear ûndersyk nedich, neffens de ûndersikers. Om fierdere stappen te setten moatte konkrete spoartrasees bepaald wurde, want pas dan kinne je fêststelle hoe djoer oft de oanlis krekt wurdt en oft de nije treinferbiningen goed eksploitearre wurde kinne.
Deputearre Avine Fokkens oer it rapport en de plannen
De ûndersikers geane derfan út dat Lelyline en Nedersaksenline beide genôch reizgers lûke sille foar in rendabele eksploitaasje. De ûndersikers fine ek dat de ynternasjonale kânsen fan de Lelyline yn oansluting mei de spoarline Grins-Bremen neier ûndersocht wurde moatte.

Bydrage út Brussel

It ûndersyk 'Gezamenlijke analyse Deltaplan voor Noordelijk Nederland (deel B)' is makke yn opdracht fan de ministearjes fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Ekonomyske Saken, de provinsjes Grinslân, Fryslân, Drinte en Flevolân en de gemeentes Grins, Emmen, Assen en Ljouwert. It ûndersyk is útfierd troch mar leafst fiif buro's.
Yn it regearakkoart hat kabinet-Rutte IV 3 miljard reservearre foar de oanlis fan de Lelyline. It oare part fan de kosten moatte de regio's meiïnoar opbringe, yn kombinaasje mei bydrages fan de Europeeske Uny. Foar dat lêste is noch wol it nedige lobbywurk nedich. In projekt as de Lelyline makket mear kâns op in bydrage út Brussel as sa'n oanfraach ek troch op syn minst in oare lidsteat fan de Europeeske Uny stipe wurdt.
Dútslân rint lykwols oant no ta net al te waarm foar de Lelyline. Dútslân fynt de spoarline nei Grins heechút 'fan regionaal belang' en wol de flugge treinen nei Nederlân foaral oer Hannover en Osnabrück ride litte.