Deade persoan yn Ljouwerter boarterstún net troch misdriuw om it libben kaam
Yn it Vijverpark yn Ljouwert is tiisdeitemoarn om likernôch 07.00 oere it lichem fan in 68-jierrige Ljouwerter oantroffen. De man is neffens de plysje net troch in misdriuw om it libben kaam.
It park leit oan de Karel Doormanstraat.
De brânwacht hie fanwegen de iepenbiere lokaasje skermen pleatst.