Smellingerlân: Kin de ried him delbêdzje en it Drachtster sintrum opkreazje?

Hoe moat it sintrum fan Drachten der aanst by komme te lizzen? En alles wurdt djoerder, wat betsjut dit foar in gemeente mei relatyf in soad earmoed? Hoe moat de ried út de gaos komme en dizze problemen oanfleane?
© Omrop Fryslân
Drigeminten binnen de ried, acht wethâlders dy't fuortgien binne en fjouwer jier politike ûnienichheid. De partijen binne it op ien punt wol iens: it moat better. Oer hoe en wat hawwe partijen dan wer ferskate opfettings. Ald-riedslid fan it CDA Hans Doddema spruts earder al fan 'een chronisch gebrek aan visie.'
Neffens Douwe van Drogen, citymanager fan de gemeente, leit it oan de spagaat dêr't wethâlders yn lizze. Dat hat te meitsjen mei har dûbele taak binnen de partij en binnen it kolleezje. It is neffens Van Drogen net fol te hâlden en der wurdt ek wol sprutsen fan in 'wethâlderstsjerkhôf.'
ChristenUnie Smellingerlân sprekt him yn it ferkiezingsprogramma wiidweidich út oer dit probleem. Sy stelle dat de gemeente de ôfrûne fjouwer jier stilstien hat. Fraksjefoarsitter Klaas van Veelen hat it oer in tekoart oan betrouwen tusken boargers en polityk. De reden dy't hy dêrfoar jout is it machtstinken binnen de koälysje.

Opposysje bûtenspul set

Mei it yntsjinjen fan moasjes op deselde dei dat der gearkomsten binne set de koälysje de opposysje faak bûtenspul. "De burgers moeten een enorm slechte indruk hebben van de politiek in Smallingerland", seit Van Veelen. Foar de kommende fjouwer jier sil de partij him dan ek ynsette foar ferbining tusken de partijen.
Yntusken bliuwt de partij ek kritysk op himsels. "Ook wij hebben in de raad gezeten en zijn zo onderdeel van het probleem.''
Dochs hâldt de ChristenUnie hoop en sjogge se ek tekens fan betterskip. "Dingen zoals het op het laatste moment indienen van moties, zie ik al minder gebeuren en ik zie dat partijen inmiddels bereid zijn om de politiek te verbeteren.''
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet der yn de gemeente en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
"Wy steane foar in grutte enerzjytranstysje wêrby't alle bytsjes helpe", seit Douwe van Drogen, citymanager fan Smellingerlân. Mei in nije sintrumfyzje moat Drachten sa gau as mooglik grien, bewenber en foaral moai wurde.
"In kar hawwe wy net, it moat no better. Smellingerlân is de banemotor fan Fryslân en moat har der ek nei ûntwikkelje. Der soene mei dizze nije fyzje 1.500 minsken komme kinne."
Dat freget iendracht yn de ried. Mar dat liket, mei it each op de lêste riedsperioade fier fuort. Mei 'shared mobility' sil de gemeente stappen sette moatte foar it miljeu. Shared mobility is in foarm fan ferfier wêrby't minsken auto's liene kinne.
Ien auto kin dan troch ferskate minsken brûkt wurde en sil derom in hiel soad weinen fan de wei helje, sa is de gedachte. "Jongelju fan no jouwe net safolle mear om besit, dit sil ús takomst wêze", seit Van Drogen.

Parkearplakken

Fjirtich persint fan de parkearplakken wurde net brûkt. Dêrom pleitet Van Drogen foar minder parkearplakken en wol er besteande plakken ferfange troch grien. Beammen, strûken en planten sille njonken dat se it doarp opfleurje ek krúsjaal wêze foar it klimaat yn Smellingerlân. Dêr leit in grutte taak foar de gemeentlike polityk.
De ôfrûne fjouwer jierren meie har perfoarst net werhelje.
Douwe van Drogen, citymanager Smellingerlân
Van Drogen hat sels ek ûnderfining mei gemeentlike polityk. Nei twa jier yn de ried foar ELP, is er no sintrummanager fan ûndernimmersferiening HA&IE. Neffens him komt de politike gaos de útfiering fan de sintrumfizy net te'n goede.
© Omrop Fryslân
It FNV Noord stjoerde ôfrûne wike in needgjalp nei minister Carola Schouten, dy't oer it belied op earmoed giet. Yn de noardlike provinsjes soe de earmoed rap tanimme. Yn jannewaris waard troch de advysried Sociaal Domein en de partijfertsjintwurdigers konkludearre dat de problemen op it mêd fan earmoed yn de gemeente relatyf grut binne.

Gearwurkje om earmoed oan te pakken

In partij dy't it probleem bot oankaart, is de SP. Listlûker Ronald van der Molen fan SP Smellingerlân makket him hurd foar minder earmoed en bettere reyntegraasje yn de gemeente. "Hjiryn leit in grutte taak foar de gemeentlike polityk", tinkt Van der Molen.
Benijd mei hokker partij oft jo stânpunten oerienkomme? Klik hjir foar de stimwizer.
"Gearwurkje is hjirfoar krúsjaal", seit Van der Molen. En dat wie yn de ôfrûne fjouwer jier in fiasko. Mei it ferlies fan acht wethâlders yn 'e gemeente liket suksesfolle gearwurking dan ek noch altyd fier fuort.

De post net doare te iepenjen

"Minsken doare de post net te iepenjen en oaren wenje yn harren auto." Sels seit de eardere hoareka-ûndernimmer dat al in fjirdepart fan de minsken yn Smellingerlân op of ûnder de earmoedegrins libje.
De SP tinkt minsken helpe te kinnen troch de merkwurking by reyntegraasje te beheinen en dizze opjefte mear nei de gemeente ta te heljen. Neffens him meitsje helpynstânsjes gebrûk fan minsken yn earmoed, om't dat mear jild opsmyt. "Dizze ynstânsjes fertsjinje mear jild oan minsken dy't net út de problemen komme as guon dy't dat wol dogge."