Enerzjyhubs ynset by stroomtekoart: Ljouwerter ûndernimmers net tefreden

Enerzjyhubs moatte dé oplossing wurde foar it enerzjyprobleem yn Ljouwert. Bedriuwen kinne troch it folle enerzjynet no net mear úteinsette of útwreidzje. De hubs binne neffens Liander de oplossing, mar de ûndernimmers binne net tefreden.
Teake Damstra © Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort
Enerzjyhubs hâlde yn dat bedriuwen mei-inoar de stroom opwekke sille. Sy wurkje as in soarte fan eilân gear om de stroom op te wekken. "Dat hâldt dus yn dat sy op bepaalde plakken in opslach delsette," seit Teake Damstra fan Damstra Installatietechniek.
Wy hawwe no in probleem, dat moat no oplost wurde.
Teake Damstra fan Damstra Installatietechniek
Damstra seit: "Der binne bepaalde akku's dy't enerzjy opwekke troch bygelyks sinnepanielen. Al dy enerzjy wurdt opslein en as der dan in oerskot is, dan kinne wy dat ôfnimme. Mar dat binne ynvestearringen fan grutte bedraggen. Wa sil dat betelje? En der sit ek in levertiid oan. Wy hawwe no in probleem, dat moat no oplost wurde."

Bedriuwen yn 'e knipe

It bedriuw fan Damstra komt hieltyd mear yn 'e knipe. De auto's fan de saak binne folslein elektrysk, mar dy kinne op it wurk net mear opladen wurde. It bedriuw leveret dan tefolle stroom en dat mei ek net fan Liander.
Taeke Damstra hat der in hurde holle yn. "Wy moatte no wat dwaan. Set der mar in diselaggregaat del, mar dêr wolle je dochs net hinne. Der is wol in oplossing te finen, mar dat moat in bekabeling wêze nei in sintrale ta. Mar dy beskikberens fan materiaal is minder. En de fergunning oanfreegje duorret ek lang. Mar in aggregaat soe wol in oplossing wêze."

Hieltyd yngewikkelder

Net allinnich it probleem fan de stroom is in opjefte foar ûndernimmers. De termen en ynformaasje dy't tsjintwurdich by it ûndernimmen hearre wurde hieltyd yngewikkelder, seit Jaap Hoekstra fan de ûndernimmersrie fan bedriuweterrein De Zwette.
"As ûndernimmer wolle je eins op in knop drukke en stroom hawwe. Je wolle net neitinke oer dingen as it opwekken fan enerzjy. Dêr hawwe de measten ek net iens de tiid en de kennis foar. Stel je hawwe in bedriuw yn klean, dan is stroom dochs ek net wat wêr't je oer nei tinke wolle? Dat wurdt foar ûndernimmers hieltyd dreger, fernim ik."
© Omrop Fryslân
Hoekstra tinkt sels dat it dreech is om in oplossing te finen foar it tekoart oan stroom. "Dé oplossing is der net, want it binne in pear by inoar. Mar ien fan de oplossingen kinne batterijen wêze. Hiele grutte batterijen dy't op in terrein pleatst wurde."

Undersyk Liander

Liander en oare partijen sille de kommende moannen ûndersyk dwaan nei de enerzjyhubs. Dan sil ûndersocht wurde hoe't dy it bêste wurkje kinne.