Oanjefte tsjin bestjoerder stichting Tjalling Koopmans College Hurdegaryp

De Inspectie van het Onderwijs hat oanjefte dien tsjin in bestjoerder fan skoalstichting SvPO, dy't mei it Tjalling Koopmans College ek in fêstiging yn Hurdegaryp hat.
It Tjalling Koopmans College (SvPO Hurdegaryp) © Omrop Fryslân
It giet om de School voor Persoonlijk Onderwijs (SvPO). De ynspeksje hat oanjefte dien om't der tocht wurdt dat de bestjoerder ferantwurdlik is foar ien of mear strafbere feiten. Dat soe te krijen hawwe mei it húsfestjen fan skoallen en de transaksjes dy't der by hearre. Dêr is de ôfrûne moanne ûndersyk nei dien.
Yn de rapporten wurdt de fraach steld oft der by de stichting 'deugdelijk financieel beleid' fierd is troch it bestjoer. De stichting hat njonken de skoalle yn Hurdegaryp ek fêstigingen yn Amsterdam, Utrecht, Hoorn, Geldermalsen, Kapelle, Deventer en Hengelo. Op dizze skoallen sitte der maksimaal 16 learlingen yn in klasse.

Koart pleit en tafersjoch

De bestjoerder hat in juridyske proseduere opset om de publikaasje fan de rapporten tsjin te hâlden. Dêrom binne dy noch net iepenbier makke. De Inspectie van het Onderwijs docht dat pas by grien ljocht fan de rjochter. It koart pleit folget op 24 maart.
De ynspeksje hâldt al langer ferskerpe tafersjoch op de SvPO. De skoallen yn Amsterdam, Hoorn en Utrecht waarden beoardiele as 'zeer zwak.' Der wiene finansjele risiko's en it tafersjoch wie net op oarder, neffens de ynspeksje. Ek doe besocht de skoalkoepel publikaasje fan de rapporten tsjin te hâlden.
Minister Dennis Wiersma fan Primêr en Fuortset Underwiis hat oanjûn it 'zeer zorgelijk' te finen dat de oanjefte nedich is. Hy wol der fierder noch neat oer sizze, yn ôfwachting fan de rjochter.